Andamanske See

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Andamanske See
Locatie Andamanse Zee.PNG
Lokaasje {{{lokaasje}}}
See Yndyske Oseaan
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 797.700 km²
Djipte (maks.) 4.198 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte 870 m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 650 km
Lingte 1200 km
Oer
AndamanSeaNASA1.jpg
Andaman See mei yn it noarden griene algen en sedimint út de Irrawaddy rivier

De Andamanske See leit yn it súdeasten fan de Golf fan Bengalen, besuden Myanmar en westlik fan Tailân. De see is in diel fan de Yndyske Oseaan. Yn it westen wurdt de see begrinzge troch de eilannekloft de Andamanen, dy't ta Yndia hearre.

De see wurdt fanâlds brûkt foar fiskjen en ferfier fan goed tusken de oanswettende lannen. De eilannen en kraalriffen binne populêre toeristebestimmings. De fiskerij en de toeristeyndustry hawwe lykwols in tebekset hân troch de ierdskodding en tsûnamy fan 26 desimber 2004.

De grins tusken de tektonyske Burmaplaat en Sûndaplaat rint rûchwei noard-súd troch de Andamanske See sadat hjir in grutte seismologyske aktiviteit foarkomt. Der binne tal fan ierdskoddings yn de rin fan de tiid registrearre en yn els gefal seis dêrfan, dy yn 1797, 1833, 1861, 2004, 2005 en 2007, hiene in sterkte fan 8.4 of heger op de Skaal fan Richter. It Barreneilân, east fan Grut Andaman, hat de iennichste tige aktive fulkaan fan it Yndiaaske subkontinint.

De moessons fan Súdeast Aazje binne beskiedend foar it klimaat en de sâltens fan it wetter yn de Andamanske See. De temperatueren lizze it hiele jier troch op sa'n 26/27 °C. De trochsneed temperatuer fan it oerflaktewetter is 26–28 °C yn febrewaris en 29 °C yn maaie; letter yn't jier somtiids noch wat waarmer.

De grinzen fan de ierdplaten yn de Andamanske See