Amalia fan Solms

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portret fan Amalia fan Solms troch Gerard van Honthorst

Amalia van Solms (Braunfels, 31 augustus 1602 -De Haach, 8 septimber 1675), Grevinne fan Braunfels, wie de frou fan Freark Hindrik fan Oranje.

Amalia fan Solms-Braunfels waard berne as dochter fan Johan Albrecht I fan Solms-Braunfels en Agnes fan Sayn-Wittgenstein. Har jeugd brocht se troch op it slot Braunfels oan de Lahn.

Op 18-jierrige leeftyd kaam sy as hofdame fan Elizabeth Stuart, frou fan Freark V fan de Palts, de 'winterkening' fan Bohemen (en neef fan de steedhâlder), nei De Haach. Hjir kaam se yn de kunde mei har efterneef Freark Hindrik. Hja boaske mei him op 4 april 1625. Freark syn healbroer Maurits hie dit op syn stjerbêd oan him frege.

Ut harren houlik kamen njoggen bern, wêrfan fjouwer de folwoeksen leeftiid net berikten:

Doe't Freark Hindrik nei it ferstjerren fan syn broer prins Maurits steedhâlder waard, wist hy syn ynfloed op it belied sterk út te wreidzjen. Hjirmei groeide ek de ynfloed fan Amalia.

Under Freark Hindrik en Amalia naam it seremonieel yn it Haachske hofleven frijwat ta. De bou fan in oantal paleizen, wêrûnder it hûs Honselaarsdyk, it paleis yn Rijswyk, it Hûs ten Bosch en oanskenlike ferbouwings oan it Alde Hof yn it Noardein, it kastiel fan Buren en it Hof fan Solms yn Oirschot, folgen. Amalia wie de driuwende krêft efter it houlik fan har âldste dochter Louise Henriëtte mei de karfoarst fan Brandenburch en har soan Willem II mei Maria Stuart. Nei de dea fan har soan nam sy de fâdij fan har beppesizzer Willem III op har.

Nei it ferstjerren fan har man yn 1649, stie Filips IV fan Spanje it grûngebiet fan Turnhout oan har ôf.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]