Abû Daby

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Abû Daby
أبو ظبي
Abu Dhabi Corniche Mall.jpg
Sifers
Ynwennertal 896.751 (2009)
Oerflak 67,34 km²
Befolkingstichtens 13.317 / km²
Polityk
Lân Feriene Arabyske Emiraten
Oar
Tiidsône FAE standert tiid (UTC+4)
Webside Offisjeel webstee (arabysk)
Abu Dhabi

Abû Daby (Arabysk:أبو ظبي) is de haadstêd fan it emiraat Abû Daby en fan de Feriene Arabyske Emiraten. It is in havenstêd op in skiereilân mei in T-foarm oan de Perzyske Golf. De bevolking waard yn 2000 op 1 miljoen ynwenners rûsd, wêrfan ûngefear 80% bûtenlanners. Abu Dhabi International Airport is de lofthaven fan de stêd.

In grut part fan de ynwenners fan Abû Daby binne expats út lannen as India, Pakistan, Egypte, Banglades, de Filipinen en meardere Arabyske lannen. Abu Dhabi wurdt laat troch Khalifa bin Zayed Al Nahyan, dy't ek presidint is fan de Feriene Arabyske Emiraten.

Autosport: Formule 1[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 2009 wurdt elk jier de Grutte Priis fan Abu Dhabi op it eilân Yas ferriden. De earste Formule 1-race wie op 1 novimber 2009. De winner fan dizze race wie Sebastian Vettel (Red Bull).

Golfsport[bewurkje seksje | edit source]

Abu Dhabi hat de Abu Dhabi Golf Club mei in 27-holes baan. Yn 2004 waard de earste edysje fan it Abu Dhabi Golf Kampioenskip hâlden. Winners wienen oant 2010 ta Chris DiMarco (2006), Paul Casey (2007), Martin Kaymer (2008) en wer Paul Casey (2009).

Partnerstêden[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: