A.M. Turing Award

Ut Wikipedy

De A.M. Turing Award wurdt yn 't generaal beskôge as de heechste ûnderskieding yn de ynformatika. Hy wurdt ek wol de 'Nobelpriis foar de ynformatika' neamd. De priis is ferneamd nei de Britske wiskundige en ynformatikus Alan Turing. Sûnt 2007 wurdt de Turing Award stipe troch Intel en Google; sadwaande heart der no in jildpriis by fan 250.000 dollar (sa'n €184.000).

De ûnderskieding wurdt immen takend troch de Association for Computing Machinery (ACM), op grûn fan de technyske bydrage oan de ynformatika. De bydrage moat fan duorsum en fûneminteel belang wêze foar de kompjûterwrâld.

De priis waard it earst útrikt yn 1966. Frances E. Allen wie yn 2006 de earste frou dy't de priis ûntfong. Ek yn 2008 gong de ûnderskieding nei in frou, dy kear nei Barbara Liskov.

List fan winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]