Tim Berners-Lee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sir Tim Berners-Lee
Syn earste webserver fan de wrâld

Sir Tim Berners-Lee (Londen, 8 juny 1955) is de betinker en grûnlizzer fan it World Wide Web (WWW), tegarre mei syn destiidsk manager, de Belch Robert Cailliau. Dit barde yn syn tiid as consultant software engineer by CERN yn Switserlân yn de perioade fan juny oant en mei desimber 1980. As direkteur fan it World Wide Web Consortium hâldt hy ttafersjoch op de ûntwikkeling fan webtalen en -protokollen as HTML, XML, CSS en HTTP. Berners-Lee skreau de earste webbrowser en de earste webserver.

Yn 1999 publisearre hy Weaving the Web[1], in boek oer it ûntstean fan it web. It waard yn it Nederlânsk oersetten as De wereld van het World Wide Web[2][3][4].

Berners-Lee stribbet nei it semantysk web, dat wol sizze, in World Wide Web dêr't ynformaasje ynhâldlik beneamd en yndield is op in foar kompjûters ferwurkbere wize. Hoewol't der yn de akademysske wrâld in soad omtinken foar is, is it noch ûndúdlik of it semantysk web inselde súkses wurde sil as it WWW.

Berners-Lee hat foar syn wurk ferskate prizen wûn foar syn wurk:

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tim Berners-Lee - Weaving the Web: The Past, Present and Future of the World Wide Web by its Inventor
  • Berners-Lee's webside

  1. Tim Berners-Lee: "Weaving the Web". Webside fan de auteur oer it boek, mei links nei ekstra materiaal en in list fan oersettings.
  2. Peter Giesen: "Denker in een dotcom-cultuur" in De Volkskrant, 26 maaie 2000, bywurke op 20 jannewaris 2009.
  3. Hein van Steenis: "Tim Berners-Lee pleit voor een 'transparant' Internet", Computable.nl, 16 juny 2000.
  4. "Betinker WWW woe net ryk wurde fan syn útfining" yn Automatisering Gids, 24 augustus 2000.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen