Sarkofaach
In sarkofaach is in stiennen deakiste. Yn Fryslân binne 28, út ien stik (meast bûnt- ) sânstien hakte, deakisten fûn, benammen yn de Sânwâlden. Dêrfan binne 7 saneamde bernekisten, mooglik net as deakiste brûkt. Bûten Fryslân binne 38 sarkofagen registrearre.
It bûnte sânstien komt út de Fogezen, de streamkrite fan de Main, de omkriten fan Trier en wierskynlik fan by de Boppewezer. De kisten kamen meastentiids oer de Ryn, Isel en Sudersee nei Fryslân. Dy fan giel Bentheimer sânstien waarden oer de Oeriselske Fecht en Sudersee oanfierd.
De foarm wiist op houten foarbylden. De âldste kisten binne net fersierd, letter yn de 'gefrijnde' binnenwanden ienfâldige ornaminten. In soad lidden, of stikken dêrfan, binne fûn: net fersierd mei geometrysk ornamint, mei kristlike symboalen en mei minsklike figueren. De kiste lei oriïntearre yn de grûn, it lid, teffens sark, egaal mei de oerflakte. Ut fynsten op begraafplakken blykt dat se faker as ien kear brûkt waarden. De skedels fan eardere skeletten leinen dan yn de kiste en de oare bonken derneist.
Tsjernobyl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd sarkofaach wurdt tsjintwurdich ek brûkt foar de konstruksje dy't om de ûntplofte kearnreaktor fan Tsjernobyl hinne makke waard om safolle as mooglik ionisearjende strieling op te kearen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - sarkofaach
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|