Zuidzijde (Goeree-Oerflakkee)
Zuidzijde | ||
Sicht op Zuidzijde | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | Goeree-Oerflakkee | |
himrik | Den Bommel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 180 (2007)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 42' N 4° 15' E | |
Kaart | ||
Zuidzijde is in buorskip dy't yn de gemeente Goeree-Oerflakkee leit. De buorskip leit yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Zuidzijde leit op de krúsing fan de Bommelsedijk en Tilsedijk. De buorskip leit op ien fan de âldste dielen fan it eilân Goeree-Oerflakkee. Zuidzijde is yn de omkriten benammen bekend om de âlderwetse wettertoer dy't der stiet. Dy wettertoer is al fan it Hellegatsplein ôf te sjen. Neffens guon hat Zuidzijde syn namme te tankjen oan it feit dat it súdlik fan Den Bommel leit.
Yn eardere tiden hie Zuidzijde ek in eigen basisskoalle, wêrfan't de Schoolweg en it eardere skoallegebou noch stille tsjûgen binne. De Tilsedijk is neamd nei de polder De Tille.
Yn Zuidzijde binne ek in pear plattelânswinkels. Dêr ferkeapje se aaien, moal, ierdappels, sipels, tsiis en tomaten. Foar de bern is der in boarterstún. Bylâns de Bommelsedijk leit in stik grûn fan Steatsboskbehear mei de ein fan de Kleine Kreek dêr op. Dy natuerlike kreek rint kilometers lang troch it lânskip nei Den Bommel. Op it stik grûn rint geregeld fee omadat it net foar yntensive feehâlderij brûkt wurde mei. Boppedat komme der in soad beskerme fûgels nei it stik grûn ta.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Zuidzijde (Boadegraven-Reeuwijk), in buorskip yn de Súdhollânske gemeente Boadegraven-Reeuwijk.
- Zuidzijde (Hoekske Waard), in buorskip yn de Súdhollânske gemeente Hoekske Waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |