Zergeisterung
Zergeisterung (it fergeastlikjen) is de namme fan in Dútsk kompjûterspultsje op it ynternet, dat bestiet sûnt 2004. De sfear yn de fantasije-wrâld fan it spul, is ien fan wiisbegearte en kennisgarjen, dat frijwat ôfwykt fan it fjochtsjen en skatsykjen fan oare aventoerespullen. Fierders moat it, neffens de omskriuwings doe't in spul noch yn oanbou wie, in frij gewoan mearpersoans aventoer wêze.
It spul is foar it meastepart ôfhinklik fan de sfear dy't it meikrigen hat; de skepper sprekt dêrom fan in spul en in keunstwurk. Foar minsken dy't dat wurdearje kinne, liket dit dêrom in prachtich spul te wêzen; foar dejingen dy't de sfear neat betsjut is it spul blykber de tiid net wurdich.
De skriuwer, dy't de namme Tinúviel - Dochter fan de skimer, in titel fan Lúthien út de wrâld fan Tolkien - brûkt, brûkt dy sfear ek nei bûten ta as ynstrumint. Sa stean op in soad foarums koarte anonime berjochten mei teksten as "Jim moatte hjir ris sjen". Ek hawwe yn maaie 2006 tal wikipedyen ensfh. in artikel oer it begryp zergeisterung oanbean hân, dat krekt itselde wie as dat wat op de foarside fan it spul stien hat, kompleet mei deselde flaters. It artikel is op de measte wikipedyen wiske, om't it feitlik gjin ynhâld hie.