Springe nei ynhâld

Zeppelin (Staaken) R.VI

Ut Wikipedy
Zeppelin R.VI Staaken


Rol Bommesmiter
Makker Zeppelin Werke Staaken GmbH
Untwerper Ferdinand von Zeppelin & Robert Bosch GmbH
Earste flecht 11 april 1915
Yn tsjinst 1917
Tal makke 18 (1915–1919)
Brûkers Dútslân (Luftstreitkräfte)
Farianten Zeppelin-Staaken R.V, Zeppelin-Staaken R.VI, Zeppelin-Staaken R.VII, Zeppelin-Staaken R.XIV, Zeppelin-Staaken R.XV, Zeppelin-Staaken R.XVI, Zeppelin Riesenflugzeuge
By de start
Ofmjittingen

De Staaken R.VI wie in swiere bommesmiter (Riesenflugzeug) dy't yn de Earste Wrâldkriich yn Dútslân ûntwurpen en boud waard. De troch yngenieur Alexander Baumann ûntwurpen fleanmasine wie in iere strategyske bommesmiter.

It tastel wie in dûbeldekker mei in tichte cockpit en mei fjouwer Mercedes-motoren fan 260 hk it stik. Der waarden totaal 18 fan boud yn seis farianten; njoggen by Zeppelin yn Berlyn, yn it fabryk op fleanfjild Staaken, seis by Aviatik en trije by Albatros.

Twa bommesmiters waarden delhelle troch Britske jachtfleanmasines. De oaren gienen ferlern by ûngemakken.

De Staaken waarden mei de Gotha G. IV by oanfallen op Londen brûkt en hiene fral in psychologysk effekt; de ekonomyske skea dy't sy tabrochten, by 52 oanfallen mei in totaal fan 196 ton bommen[1], bleau frijwat beheind.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Fabrikant: Zeppelin Flugzeugwerke GmbH
  • Type: swiere bommesmiter
  • Yn tsjinst: 1917
  • Oandriuwing: 4 floeistofkuolle Mercedes-D-IVa-seissilinder-linemotoren fan 260 hk it stik yn twa 'gondels'; propellers mei in diameter fan 4,26 m
  • Brânstofkapasiteit: 3000 l.
  • Spanwiidte: 42,2 m
  • Lingte: 22,1 m
  • Hichte: 6,3 m
  • Fleugeloerflak: 332 m²
  • Startgewicht: 11.824 kg
  • Topfaasje: 135 km/h
  • Klimfaasje: 1,67 m/s (yn 2 oere 26 min nei 4320 m)
  • Tsjinstplafond: 4300 m
  • Fleantiid: 7–10 oeren
  • Fleanberik: 800 km
  • Bewapening: 4–7 7.92 mm masinegewearen en 2000 kg bommen
  • Bemanning: 7

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Enzo Angelucci en Paolo Matrcardi, Praktisch handboek vliegtuigen. Deel 1 - van 1783 tot 1918. (1975) Utjouwerij Hemond