Zeehond (skip út 2011)
Appearance
Zeehond | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Skylge | |
eigner | Rederij Doeksen | |
skiednis | ||
tewetterlitting | 2011 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Wettertaksy | |
lingte | 13 m. | |
breedte | 5 m. | |
djipgong | 1,8 m. | |
passazjiers | 12 | |
maks. faasje | 24 knopen (42 km/o) |
De Zeehond is in wettertaksy fan rederij Doeksen dy't sûnt 2011 in regelmjittige sjinst tusken Harns en Skylge ûnderhâldt, mar ek op ôfspraak fart. De Zeehond hat in maksimale kapasiteit fan 12 persoanen en hat foldwaande romte foar bagaazje. It skip is útrist mei lúkse stuollen opsteld as yn in bus. De oertocht nei Skylge of Flylân is sawat 1 oere. It is it fjirde skip fan rederij Doeksen dat fart ûnder dizze namme. De Zeehond wurdt ek brûkt foar driuwend (sike)ferfier. As gefolch fan beheinde kaaifoarsjennings, is de Zeehond net tagonklik foar reizgers mei in lichaamlike beheining.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|