Zasu Pitts

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Zasu Pitts
Filmklapper.png akteur
ZaSu Pitts.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eliza Susan Pitts
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 3 jannewaris 1894
berteplak Parsons (Kansas)
stoarn 7 juny 1963
stjerplak Hollywood (Kalifornje)
jierren aktyf 19171963
offisjele webside
gjint

Zasu Pitts (Parsons, 3 jannewaris 1894 - Hollywood, 7 juny 1963) wie in Amerikaansk aktrise. Se is wierskynlik it meast bekend fan har rol yn Erich von Stroheim's epyske stomme film Greed.

Pitts waard berne as Eliza Susan Pitts, mar krige rillegau de bynamme Zasu. Har heit Rulandus Pitts ferlear in skonk yn de Amerikaanske Boargeroarloch. Pitts waard grutbrocht yn in rêstige húshâlding.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har teäterdebút wie yn 1915. Se waard opmurken troch senarioskriuwer Frances Marion, dy't har in rol joech yn The Little Princess (1917). Hoewol't Pitts har ûntjoech ta in komédienne, wie hja yn de perioade fan de stomme film fral bekend fan har rol yn de oerenlange dramafilm Greed (1924).

It hichtepunt fan har karriêre wie yn de jierren tweintich. Yn de jierren tritich wie se fral te sjen yn B-films en waard se cast yn koarte films. Har tsjinspylster wie doe faak Thelma Todd.

Doe't Pitts âlder waard en har sûnes tebek rûn, bleau se hold se byrollen yn films. Har lêste film makke se yn 1963, itselde jier dat se weirekke. Se stoar yn de âldens fan 69 jier oan kanker.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

ZaSu Pitts (1920)

Pitts wie fan 1920 oant 1933 boaske oan Thomas Sarsfield Gallery. De akteur Gallery waard in bekend promoter fan it boksen yn Los Ageles en waard letter ek in bestjoerden yn de tillefyzjewrâld. It pear hie twa bern: Ann Gallery (1922) en Donald Michael "Sonny" Gallery (berne as Marvin Carville La Marr), dy't se oannaam nei de dea fan syn mem, har freondinne en aktrise Barbara La Marr. Fan 1933 oant har dea wie hja boaske oan John Edward "Eddie" Woodall.

Pitts wie sûnt 1959 in aktyf lid fan de Republikeinske Partij.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

ZaSu Pitts krige op 8 febrewaris 1960 in stjer op de Hollywood Walk of Fame foar har bydragen oan de film.

Yn 1994 waard hja eare mei in byldnis op in Amerikaanske postsegel, lykas ek de filmstjerren Rudolph Valentino, Clara Bow and Charlie Chaplin, as part fan 'The Silent Screen Stars stamp set', ûntwurpen troch karikaturist Al Hirschfeld. Yn Parsons, Kansas, leit in stjertegel foar de yngong fan it Parsons Theatre ta har oantins.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zasu Pitts, trailor fan Ruggles of Red Gap (1935)

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmografy fan Pitts, útsein de koarte films:

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel Rol Opmerkingen
1954 Best of Broadway Juffer Preen Episoade: "The Man Who Came to Dinner"
1955 Screen Directors Playhouse Selma Episoade: "The Silent Partner"
1956 20th Century Fox Hour Juffer Appleton Episoade: "Mr. Belvedere"
1956–1960 The Gale Storm Show Elvira Nugent 91 episoades
1957 Private Secretary Muoike Martha Episoade: "Not Quite Paradise"
1960 The Dennis O'Keefe Show Loretta Kimball Episoade: "Dimples"
1961 Guestward, Ho! Episode: "Lonesome's Gal"
1961 Perry Mason Daphne Whilom Episoade: "The Case of the Absent Artist"
1963 Burke's Law Frou Bowie Episoade: "Who Killed Holly Howard?"
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zasu Pitts fan Wikimedia Commons.