Zandwerven
Sânwerven | ||
De nei in brân yn 1675 werboude Westfryske stjelp 'It Wolvehûs'. | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Opmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 105 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 1715 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 41 'NB, 4° 57 'EL | |
Kaart | ||
Zandwerven (Frysk: Sânwerven; Westfrysk: Sandwerfen) is in plakje yn 'e Noard-Hollânske gemeente Opmar. It leit tusken Spanbroek en it buorskip Noord-Spierdijk.
Zandwerven hat 105 (1 jannewaris 2023)ynwenners.
It plak heart ta de âldst bewenne gebieten fan it Westfryske ynlân en der binne spoaren fan bewenning út it lette neolitikum fûn[1]. In hege sânrêch makke dêr iere bewenning mooglik. Ek de namme ferwiist dêrnei, dat 'plak by de sânhichten' betsjut.
Sûnt it ein fan 'e midsiuwen foel it plak ûnder it bestjoer fan 'e 'stede' Opmar en Spanbroek. Sânwerven waard by de yn 'e 19e iuw oprjochte gemeente Spanbroek yndield en gyng mei de opheffing fan dy gemeente yn 1959 op yn 'e gemeente Opmar. De tsjintwurdige plaknamme waard yn 1745 as 'Sandt Werven' skreaun. Sûnt 1866 is de hjoeddeiske stavering bekend.
It plak hat noch in agrarysk karakter. Yn it noarden fan Sânwerven leit de polder Westerfear, in natoergebeit dêr't ek de poldermûne 'De Westerveer' stiet. Fierder binne in pear pleatsen as ryksmonumint oanwiisd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|