Zakopane
| Zakopane | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Woiwodskip | Lyts-Poalen | |
| Powiat | Tatrzański | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 25.204 (2024)[1] | |
| Oerflak | 84,35 km² | |
| Befolkingsticht. | 318 ynw./km² | |
| Hichte | 833–1130 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1578 (earste fermelding) 1933 (stedsrjochten) | |
| Postkoade | 34-500 | |
| Netnûmer | +48 18 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Offisjele webside | ||
| www.zakopane.pl | ||
| Kaart | ||
Zakopane of Zokopane is in stêd yn it uterste suden fan Poalen. It hat 30.000 bewenners en leit yn it woiwodskip Lyts-Poalen. De stêd stiet bekend as it wintersportsintrum fan Poalen. It is ek in populêr startplak foar guons dy't yn de Tatra kuierje wolle.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit op in hichte fan 800 meter oan de foet fan de Giewontberch. Op 't heden lûkt de stêd in protte toeristen en der binne in soad hotels en pensjons. Troch de karakteristike boustyl fan de Podhale mei houten huzen en in protte houtfykwurk, hat it stedsje noch hieltyd har doarpsk karakter behâlden.
De pleatslike befolking, dy't yn Poalen de Góraly (= berchbewenners) neamd wurde, hechtet bot oan tradysjes. Op strjitte is faak in kapela te hearren dy't tradisjonele Poalske muzyk út de omkriten spilet.
Búten Zakopane leit de iisbaan Tor Cos, dêr't yn febrewaris 2009 it WK reedriden foar junioren hâlden waard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lang lyn wie Zakopane net mear as in lyts berchdoarpke. Yn 1646 wennen der net mear as 43 ynwenners. Healwei de 19e iuw begûn Zakopane stadich in stêd fan betsjutting te wurden. Zakopane luts toeristen en keunstners oan út it 100 km noardliker lizzend Krakau. Yn 1889 telde de stêd 3000 ynwenners. Sûnt dy tiid wie it ek makliker berikber troch in spoarferbining.
Fan 3 jannewaris 1795 oant11 novimber 1918 hearde Zakopane by Eastenryk. Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich kaam it werom by Poalen.
Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de maitiid fan 1940 wie yn Zakopane in gearkomste fan ôffurdigen fan de Gestapo en NKWD, de geheime tsjinst fan de Sowjet-Uny, om oer mienskiplike maatregels tsjin de Poalske fersetsbeweging te praten.
Foar it Poalsk ferset wie Zakopane in wichtich tuskenstasjon yn it boadskippenet fan Warsjau en Krakau oer Slowakije nei Bûdapest. Guon ynwenners wiene koerier dy't boadskippen oer de bergen brochten, oaren wiene op mear as ien manier belutsen by it ferset tsjin de besetter.
Fan 1942 oant 1943, wie dêr ek in subkamp fan konsintraasjekamp Kraków-Płaszów; 1000 slaveärbeiders moasten dêr yn in stiengat arbeidzje.[2]
- Krupówki, de sintrale ferkearsfrije strjitte yn Zakopane
- Houtarsjitektuer yn Zakopane
- Klimaatdiagram Zakopane
- Wielka Krokiew (Grutte Krokiew)
- Czarny Staw Gąsienicowy yn de Tatra
- Tor Cos
Berne yn Zakopane
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sebastian Karpiel-Bułecka, Poalske sjonger
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Zakopane - Resort Guide.
- Poalsk Buro foar Statistyk
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
