Helena Wanda Błażusiakówna

Ut Wikipedy

Helena Wanda Błażusiakówna (Szczawnica, 4 febrewaris 1926 - 25 july 1999) wie in Poalsk famke út it fierste suden fan Poalen. Se kaam út de bergen, hearde ta de saneamde Goralen (Poalsk: górale, Goraledialekten: górole, 'berchbewenners').

Sûnt 26 septimber 1944 waard se fêst holden yn 'it Paleis', it haadkertier fan de Gestapo yn Zakopane. Sy skraste in gebed yn de muorre fan har sel, sel nûmer 3 fan it 'Paleis'. Se wie doe 18 jier.

'It Paleis' yn Zakopane, de eardere Gestapofinzenis

De Poalske komponist Henryk Górecki (1933-2010) brûkte har gebedstekst yn it twadde diel fan syn symfony nr 3, dy't de holokaustslachtoffers betinkt en wrâldwiid in protte wurdearring krige.

Acht wiken nei har finzennimming, op 22 novimber 1944, waard Blazakówna troch de nazi's mei de trein ferfierd, en se wie ien fan de 12 minsken dy't troch guerrilla's rêden waarden. Se rûn oer de bergen nei Nowy Targ, dêr't se in rok en in grutte sjaal krige. Deselde jûns wie se werom by har pake en beppe yn Szczawnica. Se waard siik en lei de rest fan de oarloch yn it sikehûs, dêr't it personiel grutte risiko's naam om har te behanneljen en har identiteit te ferbergjen.[1]

Helena oerlibbe de oarloch en boaske yn 1950 yn Wadowice [2].

It gebed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

O Mamo, nie placz, nie.
Niebios Przeczysta Królowo,
Ty zawsze wspieraj mnie
Zdrowaś Mario
Nee, Mem, net gûle
Suverste Keninginne fan de Himel
Wol my altyd bystean
Ave Maria

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynformaasje by Górecki syn Symfony nû. 3 (opus 36). Utfierders: London Sinfonietta, Dawn Upshaw en dirigint David Zinman
  • Symphony No. 3 (Górecki)

---

  1. Gość Niedzielny (Polish weekly Catholic News magazine), 13 augustus 2020, Lamentation of hard Helena (Google fertaling)
  2. Genealogy.com