Springe nei ynhâld

Henryk Górecki

Ut Wikipedy
Henryk Górecki
Henryk Górecki
Henryk Górecki
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHenryk Mikołaj Górecki
nasjonaliteit Poalsk
berne6 desimber 1933
berteplakCzernica
stoarn12 novimber 2010
stjerplakKatowice
wurkpaad
berop/amtMuzykpedagooch
aktyf asKomponist

Henryk Mikołaj Górecki (Czernica (Sileezje), 6 desimber 1933 - Katowice, 12 novimber 2010) wie in Poalske komponist yn de klassike tradysje en in muzykpedagooch. Górecki hie mei syn ienfâldige muzyktaal en syn religieuze komposysjes de wurdearring fan in grut publyk.

Górecki briek troch mei de Symfony nr. 3, "symfonią pieśni żałobnych", ('Symfony fan treurlieten') dy't er fanwegen de Südwestfunk (no Südwestrundfunk) Baden-Baden skreau. De opname yn de útfiering fan de London Sinfonietta, mei sopraan Dawn Upshaw en dirigint David Zinman waarden miljoenen fan ferkocht, en bedarre yn ferskate hitparades.

Dit artikel is in stobbe oer komponist.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]