Yvan Goll

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ivan Goll tekene troch Lajos Tihanyi, 1927
Grêf fan Yvan- en Claire Goll

Yvan Goll (berne as Isaac Lang, Saint-Dié-des-Vosges, 29 maart 1891Neuilly-sur-Seine, 27 febrewaris 1950) wie in Dútsk-Frânsk ekspresjonistysk dichter, romanskriuwer en toanielskriuwer. 'Goll' wie ien fan de sechtjin skûlnammen dy't er sûnt 1915 brûkte.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As pasifist mei de Dútske nasjonaliteit flechte Goll foar it gewald fan de Earste Wrâldoarloch nei Switserlân, dêr't er yn 1917 syn ferneamde gedicht Requiem. Für die Gefallenen von Europa skreau. Yn 1919 ferfear er nei Parys en waard dêr troch it surrealisme beynfloede. Hy boaske yn 1921 mei Claire Aischmann en reizge dêrnei hinne en wer tusken Berlyn en Parys, en frege himsels ôf wat de identiteit fan Jeropa wie en hoe't it met dat kontinint fierder moast: in tema dat in leidmotief yn syn wurk bleaun is.

Tegearre mei syn oarehelte skreau er yn 1925 Poèmes d'Amour, yn 1926 Poèmes de Jalousie en yn 1927 Poèmes de la Vie et de la Mort. Goll skreau yn it Dútsk en it Frânsk en letter ek yn it Ingelsk, doe't er yn it ramt fan it oanboaszjend faksisme - Goll wie in joad - nei Amearika útwike wie. Goll syn ûnderfinings yn Amearika stimulearren syn belangstelling yn it ferskil tusken it 'âlde', stikkene Jeropa, in wrâld dy't himsels ferneatige hat, en it 'nije', dynamyske Amearika, dat nettsjinsteande hol fan binnen liket te wêzen. De novelle Die Eurokokke út 1927 giet oer in baktearje dy't hiel Jeropa, ek syn gebouen, oanfriet, en sa it libben út it kontinint hellet; de fleurige oerflakkichheid fan de gay twenties, en it tsjingif tsjin de Jeropeeske sykte, it Amerikoön, helpe neat meidat it hert út de mienskip ferdwûn is. Dat tema hâldt Goll fêst, ûnder oaren yn syn romans Le Microbe de l'Or út 1927 en Sodome et Berlin út 1930.

Yn syn Amerikaanske perioade skreau er ûnder oaren it toanielstik Fruit from Saturn, dat oer de atoombommen op Hiroshima en Nagasaky giet; hy bleau lykwols yn in surrealistyske, faak fijwat iroanyske sfear baaien.

Yn 1947 waard by Goll leukemy fêststeld; hy gie werom nei Parys en stoar dêr trije jier letter. Goll syn wurk waard nea fergetten, mar komt oan de oare kant hast nea yn it skynljocht, meidat it meast hermetysk is en yn syn ekspresjonistyske besielens in idioom brûkt dat hjoed-de-dei faak as datearre beskôge wurdt. Dochs is it surrealisme fan Ywan Goll yn sekere sin in foarrinner fan it postmodernisme.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1912 Lothringische Volkslieder
  • 1914 Der Panamákanal
  • 1917 Requiem. Für die Gefallenen von Europa
  • 1922 Methusalem oder Der ewige Bürger
  • 1925 Poèmes d'Amour (mei Claire Aischmann)
  • 1926 Poèmes de Jalousie (mei Claire Aischmann)
  • 1927 Poèmes de la Vie et de la Mort (mei Claire Aischmann)
  • 1927 Die Eurokokke (yn't Frânsk: Lucifer Vieillissant)
  • 1927 Le Microbe de l'Or
  • 1928 Der Mitropäer
  • 1929 Agnus Dei
  • 1930 Sodome et Berlin
  • 1946 Fruit from Saturn
  • 1957 Neue Blümlein des heiligen Franziskus (yn't Frânsk: Nouvelles petites fleurs de Saint François)
  • 1960 Dichtungen (postúm)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedy, Ivan Goll