Ynstoarting fan de Klassike Maya-beskaving

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In Maya-masker útfierd as in reliëf op in gebou.

De ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving is in oantsjutting dy't yn 'e argeology brûkt wurdt foar de abrupte ûntfolking fan 'e Maya-stêdsteaten yn 'e súdlike leechlannen fan Meso-Amearika yn 'e njoggende iuw. Dat barren makke in ein oan it Klassike Tiidrek fan 'e Maya-beskaving. It Preklassike Tiidrek waard yn 'e twadde iuw troch in soartgelikense ynstoarting beëinige. De ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving is ien fan 'e grutste ûnoploste mystearjes fan 'e argeology, hoewol't guon saakkundigen net oer de term 'ynstoarting' meie, om't it noardlike diel fan 'e Maya-beskaving gewoan fierder bestie.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e skiednis fan Meso-Amearika wurdt mei it Klassike Tiidrek ornaris de perioade fan likernôch 200 oant 900 beskreaun, wêrfan't de lêste iuw bekenstiet as it Terminaal Klassike Tiidrek. Stedske sintra yn 'e súdlike leechlannen, wêrûnder Palenque, Copán, Tikal en Calakmul rekken geandewei de achtste en njoggende iuw yn in stadich ferfal, oant se troch harren ynwenners tusken 895 en 900 hommels ferlitten waarden. Argeologysk wurdt dat barren dúdlik markearre troch it ophâlden fan it foarkommen fan monumintale ynskripsjes en in sterke weromgong yn 'e bou fan grutskalige arsjitektuer.

Hoewol't men sprekt fan in maatskiplike ynstoarting, kaam de Maya-beskaving troch dit barren net oan syn ein. Ynstee ferskode de beskaving fan 'e súdlike leechlannen nei it Jûkatan-skiereilân. Benammen it noardlike part fan it skiereilân makke neitiid in perioade fan grutte wolfeart troch, hoewol mei hiel oare stilen op it mêd fan keunst en arsjitektuer, wêrby't folle minder gebrûk makke waard fan monumintale boadskippen yn hieroglifysk skrift.

Yn it Postklassike Tiidrek dat op 'e ynstoarting folge, foarme de steat Chichén Itzá in ryk dat foar koarte tiid it meastepart fan 'e troch de Maya's bewenne krite feriene. Stêden as Mayapán en Uxmal makken ek in perioade fan bloei troch, krekt as de heechlânsteaten fan 'e Kytsjé- en Kaktsjikel-Maya's. Unôfhinklike Maya-steaten bestiene fuort oan 1697, doe't de Spanjerts Nojpetén, de lêste fan 'e stêdsteaten, feroveren. Ek hjoed de dei noch wurde Gûatemala, Belize en it Jûkatan-skiereilân fan Meksiko bewenne troch miljoenen etnyske Maya's. Om't in oansjenlik diel fan 'e Maya-beskaving gewoan trochgie, is in tal argeologen en histoarisy foar de ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving op 'e oantsjutting 'ynstoarting' tsjin.

Oarsaken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving is ien fan 'e grutste ûnoploste mystearjes fan 'e argeology. Mear as tachtich ûnderskate teoryen en farianten fan teoryen binne troch argeologen en oare wittenskippers optocht om 'e abrupte ein fan 'e súdlike Maya-stêden te ferklearjen. Der is noch altyd gjin inkele teory dy't algemien akseptearre wurdt. De wichtichste ferklearrings binne: in útlânske ynvaazje, it stillizzen fan 'e hannel trochdat de hannelsrûtes blokkearre waarden, in epidemy fan in besmetlike sykte en in langere perioade drûchte, dy't de lânbou fan 'e Maya's ûnmooglik makke om't dy folslein ôfhinklik wie fan geregelde reinfal. Yn 'e ienentweintichste iuw lykje almar mear stúdzjes nei dy lêste mooglikheid te wizen, dy't dêrom no sjoen wurdt as de liedende kandidaat foar de ferklearring fan it riedsel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.