Ylpoatigen
Ylpoatigen | ||
In dromedaris (Camelus dromedarius). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | evenhoevigen (Artiodactyla) | |
ûnderskift: | ylpoatigen (Tylopoda) | |
Illiger, 1811 | ||
De ylpoatigen (wittenskiplike namme: Tylopoda) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla). Ta dizze taksonomyske groep hearre in stik as tsien ferskillende famyljes, ferdield oer trije ûnderskate boppefamyljes. De iennichste famylje dy't net útstoarn is, wurdt foarme troch de kamieleftigen (Camelidae), dy't in sântal libbene soarten omfiemet, te witten it Arabyske kamiel of de dromedaris (Camelus dromedarius) út it Midden-Easten en Noard-Afrika, it Baktryske kamiel (Camelus bactrianus) en it wylde Baktryske kamiel (Camelus ferus) út Sintraal-Aazje, en de lama (Lama glama), de gûanako (Lama guanicoe), de alpaka (Vicugna pacos) en de fikûnja (Vicugna vicugna) út 'e Andes fan Súd-Amearika.
Opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Ferskate oare fossile famyljes wurde soms oan 'e ylpoatigen taheakke, te witten:
- de Antiacodontidae
- de Diacodexeidae
- de Dichobunidae
- de Helohyidae
- de Leptochoeridae
Oare auteurs diele dizze famyljes lykwols earne oars yn. Oan 'e oare kant waarden de Cebochoeridae en de Protoceratidae foarhinne faak by de ylpoatigen yndield, mar no lykje dy beide famyljes nauwer besibbe te wêzen oan 'e wjerkôgers (Ruminantia).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|