Springe nei ynhâld

Ybe van der Wielen

Ut Wikipedy
Ybe van der Wielen
keunstner
Van der Wielen yn syn atelier oan de Ossenmarkt yn Swol
Van der Wielen yn syn atelier oan de Ossenmarkt yn Swol
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne26 april 1913
berteplakGreeley
stoarn4 oktober 1999
stjerplakSwol
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum asbyldhouwer,
keunstskilder
streamingFiguratyf en abstrakt

Ybe van der Wielen (Greeley, Kolorado, 26 april 1913 - Swol, 4 oktober 1999) wie in Nederlânsk byldhouwer en keunstskilder.

Van der Wielen wie in soan fan Jarich van der Wielen en waard grutbrocht yn Fryslân. Hy folge in oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam (1942-1947), dêr't er learling wie fan Jan Bronner. Ek studearre er by Frits van Hall en Jos Rovers. Yn 1951 festige er him yn Swol. Earder wurke er ek yn Bakkefean ûnder lieding fan de Fryske skilder Andries van der Sloot.

Hy wurke ynearsten figuratyf, mar sloech ein fyftiger jierren in mear abstrakte rjochting yn. Yn syn lettere wurk waarden geometryske foarmen wichtich; hy makke ferskate komposysjes mei ûnder mear fjouwerkanten en rjochthoeken.

Van der Wielen wie lid fan it Boun fan Fryske keunstners.

In kar út syn wurk:

  • Wielen, Wietske van der (2006) Ybe van der Wielen, beeldhouwer. Bloemendaal: Van der Wielen. ISBN 9071854183
Boarnen, noaten en/as referinsjes: