Xigatze
Xigatze | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk | |
sjenre | Pop | |
bestean | 2002-No | |
leden | ||
Sang | Else Kingma | |
Gitaar & Sang |
Pier Koopmans | |
Toetsen | Gerben Gebrandy | |
Bas | Arnold Strikwerda | |
Drums | Pieter Feenstra |
Xigatze is in Fryske teäterband dy't muzyk makket mei nijsgjirrige teksten en frjemde lûdssamples. De namme komt fan in stêd yn Tibet.
Xigatze spile op Tibetmanifestaasjes, en Liet. Yn 2002 brochten se harren debút-cd “Xigatze” út. Yn 2003 die Xigatze in rockopera yn gearwurking mei toanielferiening Suprise út Wytmarsum. Yn 2009 diene se mei oan in teäterpresintaasje yn Poppoadium Romein. De goed klaaide bandlleden meie har graach weagje oan harren repertwaar mei elektrotrash (elektronikafanke), jiskefetblues (Oerblûze, Kanvas Rubberklomp), Himalayasurf (“Friis”, Yakko en Moassich) en in frjemde cover fan Venus ('Fyn is') De band bestiet út: Sjoukje de Boer (sang), Pieter Feenstra (drums), Pier Koopmans (gitaar), Gerben Gerbrandy (gitaar samples en presintaasje) en Henk Wetting (bas).