Xi Jinping

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Xi Jinping
习近平
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Xi Jinping yn 2019
Xi Jinping yn 2019
nasjonaliteit Flag of the People's Republic of China.svg Sineesk
bertedatum 15 juny 1953
berteplak Peking
etnisiteit flagge fan Sina Sineesk
partij Kommunistyske Partij fan Sina
Sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan Sina
amtsperioade sûnt 15 novimber 2012
foargonger Hu Jintao
Presidint fan de Folksrepublyk Sina
amtsperioade sûnt 14 maart 2013
foargonger Hu Jintao
Foarsitter fan de Sintrale Militêre Kommisje
amtsperioade sûnt 14 maart 2013
foargonger Hu Jintao
Fisepresidint fan de Folksrepublyk Sina
regear Hu Jintao
amtsperioade 15 maart 2008 - 14 maart 2013
foargonger Zeng Qinghong
opfolger Li Yuanchao
offisjele webside
www.gov.cn
1rightarrow.png N.B.: Dit is in Sineeske namme. Xi is de famyljenamme en Jinping is de foarnamme.

Xi Jinping (ferienfâldige Sineesk: 习近平; tradisjoneel Sineesk: 習近平; pinyin: Xí Jìnpíng) (Peking, 15 juny 1953) is in Sineesk politikus. Hy is sûnt novimber 2012 sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan Sina en sûnt maart 2013 presidint fan de Folksrepublyk Sina, doe't er Hu Jintao opfolge.

De Sineeske ekonomy woeks tige ûnder it liederskip fan Xi, dochs wurdt syn presidintskip sjoen as tige totalitêr. Hy is de earste Sineeske lieder dy't sûnt Mao Tse-toeng in persoanskultus om himsels hinne bouwe liet. Boppedat liet er de maksimumtermyn fan it presidintskip ôfskaffe, dêr't er presidint foar it libben troch wêze kin. Hy wurdt gauris troch politike en akademyske waarnimmers omskreaun as in diktator of in autokratysk lieder omreden it tanimmen fan de sinsuer en massasurveillânse, it fertutearzjen fan de minskerjochten lykas it ferfolgjen fan de Oeigoeren, it ûntwikkeljen fan in persoanskultus om him hinne en it opheffen fan de maksimumtermyn fan it presidintskip ûnder syn amtstermyn.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Xi Jinping waard op 15 juny 1953 yn Peking berne as twadde soan fan de foaroansteande kommunistyske partijfunksjonaris Xi Zhonghun. Dy waard ûnder de Kulturele Revolúsje fuortsuvere en moast wurkje yn in fabryk yn Luoyang, yn de súdlike provinsje Henan. De jonge Xi waard nei it plattelân stjoerd dêr't er yn it doarp Liangjiahe oanwiisd wie op selsstúdzje. Yn de 1970-er jierren kearde syn heit werom as partijsekretaris yn in súdlike provinsje as fertrouweling fan Deng Xiaoping. Dêrtroch koe Xi skiekunde studearjen gean oan de Tsinghua Universiteit. Yn syn studintetiid wie er in tal wiken by in agraryske famylje yn de Amerikaanske steat Iowa. Dêr krige er ûnderfining wat de Amerikaanske dream wie, dat in oanset wie foar syn politike biedwurd de "Sineeske dream", dy't sûnt 2013 troch de partij brûkt wurdt. Dêrnei sette er útein mei syn politike karriêre dy't ta it partijliederskip yn de provinsjes Fujian, Zhejiang en Shanghai late. Yn maart 1998 waard er lid fan it Nasjonaal Folkskongres. Yn oktober 2007 folge er Zeng Ginghong op as earste sekretaris fan it Sekretariaat fan de Kommunistyske Partij fan Sina en yn maart 2008 as fisepresidint fan de Folksrepublyk. Yn oktober 2010 waard er keazen ta fisefoarsitter fan de militêre kommisje fan de partij, dêr't er in soad macht oer it leger by bemachtige, en dat gauris in stap nei it heechste liederskip is.

Presidintskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Xi Jinping mei de Amerikaanske presidint George W. Bush yn 2008
Xi Jinping mei de Russyske presidint Dmitri Medvedev yn desimber 2010
Xi en syn frou Peng yn Moskou by de parade fan de Oerwinningsdei op 9 maaie 2015 mei de Russyske presidint Vladimir Pûtin
Xi op besite by ayatollah Ali Khamenei yn Teheran, Iraan op 23 jannewaris 2016
Xi mei de Amerikaanske presidint Donald Trump op dy syn besite oan Sina yn novimber 2017

Op 15 novimber 2012 waard er keazen ta sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan Sina en foarsitter fan de sintrale militêre rie. Op 14 maart 2013 waard er keazen ta presidint fan de Folksrepublyk Sina. It fersterkjen fan de posysje fan de partij waard ta syn priorteit makke.

Xi woe it byld jaan dat er in presidint fan it gewoane folk is, itjinge him yn ferhâlding ta syn foargongers populêr makke by in soad Sinezen. Hy jout him wol gauris tusken it gewoane folk. Dochs tagelyk is der, ferlike mei syn foargongers Jiang en Hi, in persoansferhearliking fan Xi. Hy waard wol Xi Dada neamd, itjinge sokssawat as "Omke Xi" betsjut. Dy namme wurdt ûnderwilens net in soad mear brûkt.

Ynlânsk belied[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de wichtichste punten oangeande it ynlânsk belied fan Xi is it bestriden fan korrupsje, formalisme, burokrasy, hedonisme en fergriemerij en korrupsje yn de eigen partij yn it ramt fan in antykorrupsjekampanje. Dêrby wurdt gebrûk makke fan shuanggai, in proseduere dêr't partijleden harren mishanneljen yn tajaan moatte. Tûzenen partijfunksjonarissen waarden ynternearre en sûnder inkelde wetlike beskerming of bystân waarden se foar in lange skoft ûnderfrege en mishannele. Dy mishannelings laten yn de earnstichste gefolgen sels ta it ferstjerren fan guon ûnderfregen. Nei it ôftwongen tajaan fan de skuld waarden se feroardield ta lange finzenisstraffen. Ek foaroansteande partijfunksjonarissen ûntkamen der net oan, lykas Zhou Yongkang, earder minister en lid fan it Politburo, dy't yn 2015 omreden korrupsje feroardield waard nei oanlieding fan in shuanggui-ûndersyk. Om't korrupsje yn de kommunistyske parij in soad foarkaam en de befolking dêr argewaasje oan hie, wie dy kampanje populêr ûnder de befolking itjinge de populariteit fan Xi fergrutte.

Ek besiket de partij syn ideologyske ynfloed op de Sineeske maatskippij fergrutsje te litten troch aktivisten, abbekaten en sjoernalisten dy't harren net krekt oan de partijline hâlde, oan te pakken. Ek it hifkjen fan it ynternet troch de Sineeske oerheid, dat ta mear ynternetsinsuer late, waard ûnder Xi fergrutte. Ek de druk op leauwen benammen it kristendom en de islaam waard ûnder syn belied fergrutte. Op 1 augustus 2017 sei er by it 90-jierrich bestean fan it Folksbefrijingsleger dat it leger fan it folk altyd de Partij folgje moatte soe, om't dat wichtich is foar it bouwen fan in sterk leger.

Yn maart 2018 op it 13e Sineeske Folkskongres waard de wet, dat immen mar twa terminen presidint wêze koe, skrast. Dêrtroch waard it foar Xi mooglik makke om nei 2023, as syn twadde termyn ôfrinne sil, oan te bliuwen as presidint. Dat betsjut dat Xi presidint foar it libben wêze kin en sjoen wurdt as in teken fan de macht fan Xi, dy't sûnt Mao Tse-toeng de machtichste lieder fan Sina beskôge wurdt.

Bûtenlânsk belied[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 2 jannewaris 2019 hold Xi in taspraak om't 40 jier earder op 1 jannewaris 1979 Sina besleat om mei it besjitten fan guon Taiwaneeske eilannen foar de Sineeske kust op te hâlden. Xi sei dat er in freedsume weriening tusken Taiwan en Sina nei te stribjen, dochs sleat geweld net út. Hy sei dat Taiwan wer by Sina "hearre moatte sil". Ek liet er witte dat er bûtenlânsk ynmingen om Taiwan hinne net tolerearje sil, om't dat neffens him in ynlânske saak is. De útspraken fan Xi waarden as mear driigjend as normaal sjoen. De Taiwaneeske presidint Tsai Ing-wen liet witte dat Taiwan nea in part fan ien grut Sina wurde sil.

Koroanapandemy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 31 desimber 2019 liet de Sineeske oerheid by de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) witte dat der in tal gefallen fan in sykte ûntdutsen wie dy't op in longûntstekking like. De sykte waard letter identifisearre as SARS-CoV-2, in nij koroanafirus. De stêd Wuhan, dêr't de sykte foar it earst opmurken waard, waard alhiel sletten en al rillegau waarden ek oare Sineeske stêden alhiel as foar in part platlein. Bûtenlânske flechten bleaune lykwols út Sina wei fleanen, dêr't it firus lang om let oer Itaalje en de Feriene Steaten oer gâns de wrâld fersprate. De direkteur-generaal fan de WHO, Tedros Adhanom Ghebreyeus priizge, nettsjinsteande dat, it hanneljen fan Xi yn de striid tsjin it firus. Dat late ta krityk út oare lannen wei, benammen fan de doetiidske Amerikaanske presidint Donald Trump, dy't oppenearre dat de WHO tefolle ûnder ynfloed fan Sina stie.

Doe't foar it earst it firus by de WHO neamd waard, besochten guon Sineeske dokters te warskôgjen. Li Wenliang, in eachdokter út Wuhan, wurdt sjoen as de ûntdekker fan it koroanafirus. Doe't er syn kollega's oer it gefaar fan it ûnbekende firus besocht te warskôgjen, waard er oppakt foar ûnderfreging omreden it fersprieden fan panyk. Lang om let ferstoar er sels oan de gefolgen fan it firus. Op de Sineeske sosjale media kamen der in ûnbidich soad emosjonele en ferbjustere reäksjes binnen. Dêr waard ek in soad krityk op it Sineeske belied, dy't Li it praten ûnmooglik makke, utere, en op de sinsuer oangeande it ferstjerren fan de dokter.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Xi boaske Ke Lingling, dochter fan Ke Hua, in ambassadeur yn it Feriene Keninkryk yn de iere 1980-er jierren. Hja skaten lykwols yn in jier. Der waard fan dy twa wol sein dat se "hast eltse dei" bekfochten. Nei de skieding ferhûze Ke nei Ingelân.

Yn 1987 boaske Xi fannijs de foaroansteande Sineeske sjongster Peng Liyuan. Hja wie yn Sina al earder as Xi by it publyk bekend ear't Xi bestjoerder waard. It echtpear wenne lykwols in soad byinoar wei as gefolch fan harren skate beropslibben. Peng is as "earste frouwe" folle mear te sjen as har foargongers en hja wie de gastfrouwe fan Michelle Obama by har besite oan Sina yn maart 2014. Xi en Peng hawwe in famke, Xi Mingze, dy't yn de maitiid fan 2015 oan de Universiteit fan Harvard ôfstudearre. Op Harvard brûkte se in skûlnamme en studearre se psychology en Ingelsk. De famylje Xi hat in hûs yn Jade Maitiidsheuvel, in tún en wenwyk yn it noardwesten fan Peking, beheard troch de sintrale militêre kommisje.

Peng beskriuwt Xi as hurdwurkjend en nochter: "As er thúskomt, haw ik noch nea it gefoel hân as er in lieder yn hûs is. Yn myn eagen is er gewoan myn man". Xi waard yn The Washington Post beskreaun troch dyjingen dy't him kenne as "pragmatysk, serieus, foarsichtich, hurdwurkjend, nochter en net út op in soad omtinken". Hy wurdt beskreaun dat er goed is yn it oplossen fan problemen en "sa't it skynt net ynteressearre yn de skaaimerken fan in hege funksje". Hy mei graach oer de Amerikaanske films lykas Saving Private Ryan, The Departed en The Godfather. Hy priizge de ûnôfhinklike filmmakker Jia Zhangke.

Yn juny 2012 waard troch Bloomberg News neamd dat leden fan de fierdere famylje fan Xi foaroansteande saaklike belangen hawwe, dêr't lykwols gjin bewiis fan wie dat er him dêr mei bemuoide en help harren. De webside fan Bloomberg waard op it fêstelân fan Sina blokkearre as reäksje op it artikel. Sûnt Xi in antykorrupsjekampanje oan it fieren wie, waard troch The New York Times neamd dat leden fan syn famylje harren bedriuws- en fêstguodynvestearrings yn 2012 ferkocht hiene.

Famyljeleden fan foaroansteande Sineeske funksjonarissen, wêrûnder sân hjoeddeistige en eardere lieders fan it Politburo fan de Kommunistyske Partij fan Sina, waarden neamd yn de Panama Papers, lykas Deng Jiagui, sweager fan Xi. Deng hie brievebusfirma's op de Britske Famme-eilannen, wylst Xi lid wie fan it Steande Komitee fan it Politburo, dochs dy wiene tsjin dy tiid, dat Xi yn novimber 2012 de algemiene sekretaris fan de Kommunistyske Partij waard, al ferdwûn.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Sina wurde berjochten, besibbe oan Winny de Pûh, ferbean. Xi Jinping wurdt sûnt jierren ferlike mei de Pûhbear en dat soe it gesach fan de presidint ferswakje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Xi Jinping – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei References en Further Reading op dizze side.