Springe nei ynhâld

Wynpûster

Ut Wikipedy
De "wynpûster" ((Le coup de vent) fan Jean-Baptiste Corot (1871)

In wynpûster, wynstjit of in wynskuor is in wyn dy't hommels hurd tanimt.

Swiere wynpûsters binne skuorwinen en hawwe in wynfaasje fan mear as 75 km/o. Tige swiere wynpûsters kinne in faasje hawwe fan mear as 100 km/o. Wynpûsters kinne troch it gânse jier foarkomme. Yn 'e winter by stoarm en yn 'e simmer by tongerbuien. Wynpûsters by buien binne it meast ferriedlik, om't de wyn samar ynienen fluch tanimt oant fier boppe de trochsneed faasje.

Stjalprein by buien komme bytiden tagelyk mei wynpûsters.

Yn de lêste hûndert jier kamen der yn Nederlân wol tsien stoarmen mei wynpûsters fan om de 150 km/o hinne foar, almeast yn 'e winter, dochs ek wol yn it midden fan 'e simmer. Op 27 augustus 1912 waard de slimste simmerstoarm mei in wynkrêft fan 10 en wynpûsters oant 148 km/o metten.

Yn de tige swiere stoarm fan 25 jannewaris 1990 waard der op Skiphol in pûster metten fan 163 km/o. Fierder it lân yn kamen doe wynpûsters fan 145 km/o foar. By de swierste stoarm fan de tweintichste iuw, op 7 septimber 1944 kamen der yn Flissingen wynpûsters foar fan likernôch 175 km/o. Op 5 novimber 1948 luts in wynhoas krekt oer in wynmjitter op Flylân dy't in wynpûster fan 202 km/o, de heechste yn Nederlân ea, metten hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: