Springe nei ynhâld

Wynmotor Nijetrine 7

Ut Wikipedy
De Wynmotor Nijetrine 7 yn 2009

De Wynmotor Nijetrine 7 is in poldermole by it doarp Nijetrine yn de gemeente Weststellingwerf.

De mole mei in stellinghichte fan 3,8 meter is in Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd fan 12 blêden en in diameter fan 4 meter, dy't yn 2005/2006 restaurearre is. Hy stiet yn natoergebiet de Rottige Meente, wêr't Nijetrine middenyn leit, ûngefear 150 meter ten súdeasten fan de trijesprong fan de N351 mei de wei nei De Langelille. De wynmotor is net foar publyk iepensteld, mar kin oant op koarte ôfstân benadere wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: