Wynmotor De Hoeve
Appearance
De Wynmotor De Hoeve is in poldermole by it doarp De Hoeve yn de gemeente Weststellingwerf. Hy stiet hast 3 km benoardeasten it doarp yn it lyts natuergebiet oan de súdlike ouwer fan de Linde.
De mole is in lytse Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd fan 12 blêden en in diameter fan 3,5 meter, dy't makke waard troch de firma Bakker út Drylts. It krekte boujier is ûnbekend. De mole is net mealree en is net foar publyk tagonklik, al kin men der wol op in pear meter ôfstân by komme.