Wynmotor Aldeberkeap

Ut Wikipedy
De Wynmotor Aldeberkeap yn 2007

De Wynmotor Aldeberkeap is in poldermole by Aldeberkeap yn de gemeente Eaststellingwerf. De mole is in middelgrutte Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd fan 12 blêden en in diameter fan 3,5 meter. It boujier is ûnbekend. De wynmotor stiet mear as in kilometer ten suden fan Aldeberkeap oan de súdlike ouwer fan De Linde yn in natoergebiet. Hy is net te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]