Wynlust (Boerum)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wynlust yn 2009

Wynlust is in nôt- en pelmole yn it doarp Boerum, yn de gemeente Kollumerlân.

Al yn 1578 waard in mole yn Boerum beskreaun. De nôtmole dy't yn 1711 yn it doarp stie, waard yn 1785 troch brân ferwoaste. Om dy mole te ferfangen waard Wynlust boud, in stellingmole mei selsswichting. De mole waard yn 1946, 1957, 1969 en 1975 restaurearre.

Wynlust hat yn partikulier besit west oant 1997, mar waard doe ferkocht oan de gemeente Kollumerlân, dy't de mole yn 1999-2000 nochris restaurearje liet. Yn 2007 waard it reidtek fan Wynlust ferfongen. De mole is hjoed de dei mealree.

De houten achtkante mole, mei lege stiennen foet en houten potdeksele ûnderbou, hat in stellinghichte fan 7,05 meter. De mole is wyls eigendom fan de Monumintestifting Kollumerlân en kin op ôfspraak en at hy draait besichtige wurde.

Op 8 april 2012 baarnde de mûne ôf. Jonges hiene deun neist de mûne âlde bibels yn'e brân set dy't hja yn in kontener fûn hiene en it fjoer wie oerslein nei de mûne.

July 2012 waard bekend dat de mûne fannijs boud wurde soe.[1] Op 6 septimber 2014 waard de mûne offisjeel iepene. Op 6 oktober brocht minister Jet Bussemaker in besite oan Boerum om persoanlik te fernijen dat de Windlust, hoewol't it in replika is, syn monumintestatus weromkrige.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Arumer molenspecialist mag Burumer molen ontwerpen, Friesch Dagblad, 18 july 2012
  2. (fy) Mûne Boerum bliuwt monumint, Omrop Fryslân, 6 oktober 2014