Wyniastate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Wyniastate, ek: Wynnie huys stie sudlik fan Nes, gemeente Dongeradiel. Op it eardere stinsterrein stiet no in pleats.

De stins komt nei alle gedachten út de 14e iuw. De famyljenamme Winghia komt yn Nes yn 1481 foar; as 'Wynnie huys' en 'Wynnie landen' yn 1543. Yn 1481 wie Sywck Winghia to Ness ien fan de soenlju yn in skeel oer de sate Lithiaweer te Wetsens. Mooglik wie Deytse Wynia, yn 1511 eigenierde op 83 pûnsmiet (fl. 20-11) te Nes, syn soan. Ut twa oare sates yn Nes krige hy in rinte en mei Take Buwingen wie hy eigener fan in sate yn Hantumhuzen.

Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1481 Sywck Winghia
  • 1511 Deytse Wynia
  • foar 1543 Syuck Wynia
  • Deytse Wynia
  • om 1600 Syuck fan Winia en Deytze fan Wynia
  • 1640 Thomas Alis
  • 1698 Claes Jansen bern en erven 2/3 en Doede Bauckes 1/3
  • 1700 Pieter Jelles c.s.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: