Springe nei ynhâld

Wyn (waar)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wyn (meteorology))
Beam yn stoarmwyn
Pieter Kluyver (1816–1900)
In kersebeam mei in wyn fan 22 m/s (79 km/o)

Wyn is it bewegen (ferpleatsen) fan loft. De loftbeweging ûntstiet troch drukferskillen yn de atmosfear en wurdt fierder beynfloede troch it draaien fan de ierde en it wriuwen mei it ierdoerflak.

De wyn kin tige ferskille yn faasje. As de wyn hommels en fluch tanimt, wurdt der sprutsen fan in wynpûster. De wynfaasje wurdt oanjûn neffens de skaal fan Beaufort yn m/s of yn km/o. Yn de loftfeart wurdt de wynfaasje oanjûn yn knopen. De wynfaasje hat in grutte ynfloed op de gefoelstemperatuer.

Troch ferskillen yn 'e luchtdruk komt der in luchtstreaming op gong fan it hegedrukgebiet nei it legedrukgebiet. De rjochting fan de wyn wurdt bepaald troch it draaien fan de ierde en it wriuwen mei it ierdoerflak.

Sa gau't de lucht yn beweging komt sil dy ynearsten rjocht fan it hegedrukgebiet nei it legedrukgebiet streame, leadrjocht op de isobaren. Under ynfloed fan de Korioliskrêft sil der neffens de Wet fan Buys Ballot op it noardlik healrûn in gong nei rjochts makke wurde, leadrjocht op de bewgingsrjochting. De baan fan de hoemannichte lucht bûgd dêrtroch nei rjochts ta. As de wynrjochting lang om let lykop rint mei de isobaren, is de coroliskrêft lyk oan de druk.

In wynmjitter

De wyn wurdt metten mei in wynmjitter of in anemometer. Dat ynstrumint waard yn 1846 troch de Ierske astronoom Thomas Romney Robinson (1792-1882) yntrodusearre. De wynrjochting boppe lân wurdt oanjûn troch in wynwizer of waaier. Wynmjitters wurde ornaris yn iepen geaen op in hichte fan tsien meter pleatst. Yn in folboud lân lykas Nederlân steane se wol tweintich meter heech. Mei formulen wurdt de mjitting omrekkene nei tsien meter hichte, sa't de gegevens te ferlykjen binne. It wynmjitten is yn de rin fan de jierren feroare sa't it dreech is om mei wyngegevens út de earste helte fan de tweintichste iuw te ferlykjen. Hjoed-de-dei jouwe automatyske waarstasjons oanienwei digitale ynformaasje oer de wyn. It KNMY kin dêrtroch krekt fêststelle hoe hurd it waaid hat. De wyn wurdt fêststeld oer perioaden fan tsien minuten. As der yn in waarberjocht sprutsen wurdt oer wynkrêft 8, dan wurdt der ferwachte dat de trochsneed wynfaasje yn tsien minuten tusken 17,2 en 20,7 m/s (62-74 km/o) leit. Sa heart by elts fan de trettjin klassenûmers neffens de skaal fan Beaufort in trochsneed faasje. Yn de skipfeart wurdt der wurke mei knopen: ien knoop is lyk oan 0,5144 m/s. Geevens dy't foarearst neamd wurde, moatte bytiden letter wolris bysteld wurde. As der in wynpûster tige ôfwykt fan de trochsneed faasje, wurdt de wearde as fertocht oanmurken en fierder ûndersocht.

Foar klimatologyske statistiken en it ferlykjen fan stoarmen wurdt der gebrûk makke fan in trochsneed yn in oere. Klimatologen sprekke fan in swiere stoarm as de wynfaasje earne boppe lân it trochsneed yn in oere hellet fan wynkrêft 10 (24,5-28,4 m/s = 89-102 km/o). As de wynfaasje yn in oere trochsneed tusken 28,5 en 32,6 m/s (103-117 km/o), wurdt de stoarm efternei fêststeld as in tige swiere stoarm of orkaaneftich en boppe 32,6 m/s (118 km/o) as orkaan. Wyn is suver te ferlykjen mei wetter: it streamt fan in hegedrukgebiet nei in legedrukgebiet. Troch it draaien fan de ierde giet de wyn oer allegear omwegen nei dat legedrukgebiet.

De begripen noard, súd, east en west hingje gear mei it draaien fan de ierde en de lizzing fan de Noard- en Súdpoal. It wichtichste brûken fan dy "wynstreken" is fanâlds om oan te tsjutten út hokker rjochting de wyn waait. Dêrom hjit it part fan it kompas dêr't de rjochting op ôflêzen wurdt, in "wynroas".

It feroarjen fan de wynrjochting betsjut faak in feroaring fan it waar. Benammen yn Fryslân makket it tige út of de wyn waait fan it drûge fêstelân fan Jeropa ôf of fan de fochtige Noardsee ôf. In legedrukgebiet dat in weste-, súdweste- of noardwestewyn mei him meibringt, sil gauris rein mei him meibringe. Komt de wyn yn 'e winter út in legedrukgebiet yn it noarden of noardeasten, dan komt der gauris snie. Easte-, súdeaste- en sudewyn binne drûge, yn de simmer hjitte, yn de winter kâlde wyn. Sudewyn bringt gauris waarme lucht út Súd-Jeropa mei, wylst in noardewyn kâldere poallucht meibringt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Commons Commons: Wyn – foto, fideo en harktriemmen