Korioliskrêft

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Korioliskrêft: in bal op in draaiende tafel
In stoarm oer Yslân rint tsjin de klok yn neffens de balâns tusken de korioliskrêft en de drukgradiïntkrêft

De korioliskrêft, of it korioliseffekt is in krêft dy't fûn wurdt yn in draaiend objekt. De Frânske ynzjenieur Gaspard-Gustave de Coriolis hat dy krêft foar it earst yn 1835 beskreaun. De krêft ferklearret de baan fan in foarwerp dy't beweecht yn in draaiend systeem. De korioliskrêft kin it bêste sjoen wurde by beweging fan in grutte hoemannichte wolken dy't by in legedrukgebiet net nei it sintrum, mar deromhinne rinne. Op it noardlik healrûn draaie se ôf tsjin de klok yn en op it súdlik healrûn mei de klok mei. Dat stiet bekend as de Wet fan Buys Ballot. By in hegedrukgebiet is der itselde effekt, dochs draaie se tsjinoersteld.[1]

Ien foarbyld fan de korioliskrêft dat gauris beskreaun is, is dat wetter dat yn in trjochter nei ûnderen streamt, yn tsjinoerstelde rjochtingen nei ûnderen streamt yn beide healrûnen. De korioliskrêft is lykwols net te sjen by lytse hoemannichten wetter.[2]

Foarbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De korioliskrêft waard foar it earst yn 1835 beskreaun troch de Frânske wittenskipper Gaspard-Gustave Coriolis. Hy bestudearre de beweging fan biljertballen op in rûndraaiende tafel, sa as oanjûn yn de yllustraasje hjirnjonken.

De boppeste animaasje lit in boppe-oansicht sjen fan de draaiende tafel. De swarte biljertbal rôlet, sa't fan boppe sjoen wurdt, yn in rjochte line oer de tafel. De kûgel beskriuwt de baan dy't ferwachte wurdt: de ienpearige beweging yn rjochte line. De tafel draait suver ûnder de biljertbal troch. Der wurdt oannommen dat der gjin wriuwing tusken de bal en de tafel is.

Op de ûnderste animaasje wurdt de sitewaasje sjen litten fan in waarnimmer dy't op de tafel stiet, de reade stip. Dy waarnimmer draait mei it draaien fan de tafel mei en is dus part fan it draaiend systeem. Foar dy waarnimmer sjocht it der út as soe de biljertbal earst nei him ta rôlje. Dêrnei wykt de biljertbal ôf, en liket it derop as der in net te ferklearjen krêft op wurket. De baan dy't de biljertbal oer de draaiende tafel makket, wurdt oanjûn is de giele kromme line. Om utens sjoen is dy line gewoan in rjochte line.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Coriolis force – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NOVA PBS Official (2013-07-19), The Coriolis Effect, oproppen op 20 maart 2018
  2. Gyres and the Coriolis effect. Blue Planet: Infobursts. British Broadcasting Corporation. Oproppen op 6 oktober 2013.