Springe nei ynhâld

Wrâldtaal

Ut Wikipedy

In wrâldtaal is in fersprate taal mei in grut tal sprekkers dy't ynternasjonaal in soad brûkt wurdt. Der besteane ferskillende definysjes fan in wrâldtaal. Der binne ek ferskillende mienings oer hokker talen no krekt by elkoar hearre. Oer it ginneraal giet it om Arabysk, Ingelsk, Frânsk en Spaansk. It Mandaryn (Sinees) is de meast sprutsen taal, mar is eigentlik allinnich bekend yn Sina. Talen lykas Italjaansk, Russysk en Dútsk binne twivelgefallen. It Nederlânsk wurdt soms de "lytste wrâldtaal" neamd, faaks net sasear troch it oantal sprekkers mar omdat it Nederlânsk yn histoarysk opsicht bepaalde rollen fan in wrâldtaal hie.

It stribjen nei ien wrâldtaal luts yn Fryslân sterk de oandacht, benammen yn Frysksinnige fermiddens. Dy seagen yn in wrâldtaal in beskerming fan de lytse talen: Yn Fryslân Frysk, dêrbûten Esperanto. Bekende Fryske esperatisten wienen Dreves Uiterdijk en W.P. Cnossen.

C. Hettema, skriuwer fan Fryske tael en wrâldtael (1933) skreau ek it twadielige learboek Esperanto for de Friezen ( 1933-1937).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: