Woast lân
Woast lân, woaste grûn as ûnlân, wie fan de 19e iuw oant 1970 de beneaming foar lân dat foar wyld lizze litten waard en gjin direkt nut hie, lykas heide, fean en sompen. It CBS beflapte ek de krekt drûchfallen grûn dêrby. Hja moatte ek betinke dat se foar de lânbou oant de ein fan de 19e iuw (foar it gebrûk fan guano en de útfining fan keunstdong) wol fan grut nut wienen. Woast lân levere struisel en seadden dy't mongen waard mei de stront fan bisten en op it lân brocht waard as grûnferbettering en dong. Dêrneist wiene dêr bijekasten, turf foar brânstof en hja lieten dêr de kij en de skiep weidzje. Hessewegen rûnen meast oer woeste grûn. Foar 1900 wie dizze grûn mienskiplik. Yn de rin fan de 19e iuw wurdt it fan de gemeente.
Nei de Frânske oerhearsking is it lân beroaid. Yn de grutte stêden libbet de helte fan de ynwenners ûnder de earmoedgrins. Yn 1818 waard de Maatskippij fan Woldiedichheid oprochte om earmoedige húshâldings in bestean op te bouwen as boer. Se kochten woeste grûn oan sadat de earmen dizze ûntginne koenen.
It oanmeitsjen fan woast lân ta produksjebosk en lânbougebiet, befloeiïngs- en grûnferbetteringswurken en it keare fan sânferstowingen wurdt as in wichtich doel sjoen oant ein 19e iuw en begjin fan de 20e iuw en organisaasjes as Steatsboskbehear en de Heidemij pakke it flink oan. Tsjintwurdich wurdt it measte fan wat oer is fan woast lân as natuergebiet beskermme. It is meastentiids yn behear by Steatsboskbehear of Natuermonuminten of It Fryske Gea.