Springe nei ynhâld

Wjelsriper Opfeart

Ut Wikipedy

De Wjelsriper Opfeart is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart ferbynt Wjelsryp mei de Frjentsjerter Feart.

In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.

De namme Wjelsriper Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme.