Springe nei ynhâld

Wittmund (stêd)

Ut Wikipedy
Wittmund
De Luterske St. Nicolaitsjerke
De Luterske St. Nicolaitsjerke
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Boargemaster Rolf Claußen (CDU)
Sifers
Ynwennertal 20,756 (2010)
Oerflak 210 km²
Befolkingsticht. 99 / km²
Hichte 4 m
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
Stadt Wittmund

Wittmund is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn it distrikt Wittmund. De stêd hat 21.400 ynwenners. Friedeburg is in stêd yn de omkriten.

Wittmund leit tusken Auwerk en Jever yn it histoaryske gebiet East-Fryslân. De stêd Wittmund leit sa'n 9 km fan de Noardseekust ôf, mar it disrikt hat wol it haventsje fan Harlesyl, it begjinpunt fan de feartsjinst nei it waadeilân Wangereach. Harlesyl is neamd nei it rivierke de Harle, dy't begjint en einiget yn it distrikt Wittmund.

Dielen fan Wittmund

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
doarpen
stêd
  • Wittmund
Histoaryske bepolderingen fan de Harlebocht. Nei de Twadde Marsellusfloed fan 1362 rikte de see oan Wittmund ta.

Wittmund, ûntstien oan de râne fan de geestgrûnen, en omkriten binne al sûnt de âldheid bewenne. De kontrei hie al betiid diken dy't oanslueten op dy fan it binnenlân fan East-Fryslân en wie fierders wat hannel oanbelanget orïntearre op de kust. Om 1200 hinne wie Wittmund it haadplak fan de plattelânsgemeente (Landgemeinde) Wangerlân en hjitte doetiids Wiedemund of Wiedemundheim. De bestjoerlike gebieten dêre kamen rûchwei oerien mei defan de âlde Fryske distrikten. Esens wie it bestjoerlik sintrum fan Harlingerlân.

De haadlingefamylje Kankena bewenne it kastiel yn de stêd op 'e ein fan de 14e iuw. Om it jier 1400 hinne waard it kastiel ynnaam troch Hamburchske troepen omdat de Kankenas piraterij stipe hawwe soenen tsjin dy Hânzestêd. Doe't it kastiel oerjûn wie oan de hearskjende haadlingefamylje tom Brok, krigen de Kankenas har lângoed wer yn besit.

De folgjende hearsker oer it Brokmerland, Fokko Ukena, koe syn foardiel dwaan mei de swakkens fan de Kankenas en sette dy famylje yn by de Slach op de Wylde Ikkers, dy't er ek wûn. Yn 1454 foel it kastiel yn hannen fan de hearsker oer Harlingerlân, Sibet Attena. Yn itselde jier ferienige Sibet Attena de hearsker fan Esens, Stedesdorf en Wittmund om de ûnôfhinklikens fan Harlingerlân wis te stellen foar de Eastfryske greven oer. Earst yn 1600 kaam it Harlingerlân, mei Wittmund, by East-Fryslân troch politike fúzjes en akkoarden tusken famyljes.

Yn 1584 komt it plak op in kaart foar as Witmondt. Letter krige de stêd in distriktstatus (Amt) en waard it in Amt ûnder de nije oerienkomsten. Op in oare kaart wurdt Witmundt yn 1730 neamd as part fan it Amt of Witmundt. Yn 1744 waard East-Fryslân opnaam yn Prusen, yn de Frânske tiid foel it in skoftke ûnder Nederlânsk/Frânsk bewâld om yn 1815 part fan it Keninkryk Hanover te wurden.

Under de Hanoversken wurdt Landdrostei ynsteld, mei de Landdrost as de heechste fertsjintwurdiger yn de provinsje. East-Fryslân wurdt yn 1866 wer part fan Prusen, dy't de besteande Amten Auwerk, Berum, Emden, Esens, Leer, Stickhausen, Weener en Wittmund oanhâlde. Fan 1884 ôf waarden sy omfoarme yn de nije Landkreis-struktuer en ûntstiene yn East-Fryslân de nije distrikten Auwerk, Emden (ûnôfhinklik), Leer, Norden, Weener en Wittmund (1885). Sels de eardere Hanoverske Landdrostei wurde ta nije bestjoerlike ienheden, 'provinsjes' omfoarme (Regierungsbezirke). It provinsjehûs waard yn 1903 yn Wittmund set.

Wittmund krige al stedsrjochten yn 1567 fan Agnes, Grevinne fan Rietberg. Yn de 17e iuw waarden dy rjochten lykwols wer ynlutsen en pas yn 1929 wer takend.

Ferkearsferbiningen mei Wittmund

Untjouwing ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwennertal
1816 1.615
1833 1.978
1864 1.951
1872 1.888
1890 1.941
Jier Ynwennertal
1905 2.116
1910 2.141
1925 2.411
1939 2.811
1945 3.460
Jier Ynwennertal
1950 4.786
1954 4.418
1969 6.600
1980 19.180
2010 20.756

De sterke befolkingsgroei nei de Twadde Wrâldkriich is te ferklearjen troch de oanrin fan flechtlingen út de eastlike gebieten fan Dútslân. De gemeentlike weryndieling fan 1972 soarge wer foar in grutte stiging fan it befolkingstal.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wittmund fan Wikimedia Commons.