Springe nei ynhâld

Wittenskiplik buro

Ut Wikipedy

In wittenskiplik buro is in mei in Nederlânske politike partij ferbûne tinktank.

At in lanlike politike partij yn de Twadde Keamer of Earste Keamer fertsjintwurdige is, krijt sy subsydzje spesjaal foar in wittenskiplik buro. De hichte fan dy subsydzje hinget fan it tal Twadde Keamerleden fan de partij ôf. Sa'n wittenskiplik buro moat wol in ûnôfhinklike stifting wêze. Wittenskiplike buro's bestean fan 1945 ôf.

In wittenskiplik buro is een tinktank, dêr't de partij nije ideeën helje kin. It buro bringt meast in blêd út dêr't it ynterne debat yn hâlden wurdt, analyses makke wurde of útstellen foar konkrete problemen dien wurde en spylje faak in rol by it meitsejn fan nije ferkiezingsprogramma's of begjinselprogramma's.

Wittenskiplike buro's binne ek kweekfivers foar polityk talint. Jan Peter Balkenende arbeide foar it wittenskiplike buro fan it CDA. Joop den Uyl wie direkteur fan it buro fan de PvdA. Femke Halsema en Ayaan Hirsi Ali hawwe wurke foar it wittenskiplik buro fan de PvdA. André Rouvoet foar dy fan de RPF. Arjan Vliegenthart is Earste Keamerlid foar de SP en direkteur fan it wittenskiplik buro. Jozias van Aartsen wie direkteur fan de Teldersstichting, it wittenskiplik buro fan de VVD.

Yn Belgje is de stúdzjetsjinst fan in partij te fergelykjen mei in Wittenskiplik buro.

List fan wittenskiplike buro's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Memmepartij Direkteur Blêd
Mr. G. Groen van Prinsterer Stichting KristenUny Gert-Jan Segers Denkwijzer
Guido de Brès-Stichting SGP J.A. Schippers Zicht
Hans van Mierlo Stichting D66 Frank van Mil Idee
Teldersstichting VVD Patrick van Schie Liberaal Reveil
Wittenskiplik Buro GroenLinks GrienLinks Dick Pels De Helling
Wittenskiplik Buro fan de SP SP Arjan Vliegenthart Spanning
Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA CDA Raymond Gradus Christen Democratische Verkenningen
Wiardi Beckman Stichting PvdA Monika Sie Dhian Ho Socialisme en Democratie
Nicolaas G. Pierson Foundation Partij foar de Dieren Karen Soeters