Springe nei ynhâld

Wiskunde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wiskundich)
Wiskunde

Wiskunde wurdt yn it algemien definiearre as de stúdzje fan patroanen fan struktueren, feroaring en romte; ynformeel soe sein wurde kinne dat it de stúdzje fan getallen en nûmers is. Yn de formalistyske opfetting is it ûndersyk fan aksiomatysk definiearre abstrakte struktueren fêstlein yn logyske en matematyske notaasjes.

Yn de measte talen (Ingelsk: mathematics; Dútsk: Mathematik; Frânsk: mathématiques) is it wurd foar wiskunde ôflaat fan it Grykske wurd μάθημα (mathèma), dat wittenskip, kennis of leare betsjut. It Nederlânske wurd wiskunde is troch Simon Stevin yn de 17e iuw as wisconst (kuenst fan it gewisse of it sekere) oan dizze wittenskip ferbûn.

In protte ûnderwerpen fan stúdzje yn de wiskunde fine harren oarsprong yn oare eksakte wittenskippen as de natuerkunde en de astronomy. Wiskundigen bestudearje ek matematyske struktueren en ûnderwerpen om estetyske redenen of om in mear algemiene oplossing te finen foar besibbe fraachstikken op ferskate dielmêden. Der wurdt hjirby ûnderskied makke tusken de teoretyske en de tapaste wiskunde. Yn de teoretyske wiskunde bestudearje guon wiskundigen de wiskunde foar de aardichheid, wêrby't de wiskunde min of mear as keunstfoarm beskôge wurdt.