Windhoek
Windhoek | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Namybje | |
Regio | Khomas | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ± 450.000 (2011) | |
Oerflak | 645 km² | |
Befolkingsticht. | 697/ km² | |
Hichte | 1650 m | |
Oar | ||
Stifting | 18 oktober 1890 | |
Tiidsône | West Afrikaanske Tiid (UTC+1) | |
Simmertiid | WAST (UTC+2) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.windhoekcc.org.na |
Windhoek (Ingelsk en Afrikaansk: Windhoek, Dútsk: Windhuk) is de haadstêd en it politike en ekonomyske sintrum fan de Republyk Namybje. De stêd leit yn de midden fan it lân en it ynwennertal yn 2011 wurdt rûsd op sa'n 450.000. De namme is ôflaat fan Winterhoek, de pleats dêr't Nama-lieder Jonker Afrikaner berne is.
Sûnt 1891 is Windhoek de haadstêd fan it lân. Under de Súd-Afrikaanske besetting, yn de tiid fan de apartheid, moasten blanken, kleurlingen en swarten strang fan elkoar skieden libje. Blanken wennen yn de stêd, kleurlingen en swarten wennen yn de townships. It township foar kleurlingen yn Windhoek hjit Khomasdal, foar swarten is it Katutura.
De iennige ynternasjonale lofthaven fan Namybje, Hosea Kutako International Airport, leit 45 kilometer bûten Windhoek.
Stedsdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Windhoek hat neist it sintrum Central noch 30 stedsdielen:
|
|
- noard fan 8 grinzjend oan 9 Windhoek-Havana
- tusken 10 en 25 Windhoek-Tauben Glen
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De omkriten fan Windhoek wienen fanâlds bekend om har waarme wellen. Windhoek wie oarspronklik bekend ûnder twa nammen: Ai-Gams (KhoiKhoi foar Waarme Boannen) en Otjomuise (Herero foar Plak fan Steam). Wierskynlik waard de stêd fan no ferneamd nei it Windhoekberchtme by Tulbagh yn de eartiidske Nederlânske Kaapkoloanje troch kaptein Jan Jonker Afrikaner, dy’t him yn gebiet fêstige fanwege it altiten oanwêzige wetter. Hy en syn folk fêstigen har yn it gebiet dêr’t no de bûtenwyk Klein Windhoek’’ is.
Foar de koloniale tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it gebiet ûnder berik fan de Nederlanners yn de Kaapkoloanje wie, waard it net troch har kolonisearre. Yn de jierren 40 fan de 19e iuw boude Jan Jonker Afrikaner syn heit, Jonker Afrikaner, in tsjerke foar 500 minsken. It gebou waard ek as skoalle brûkt. Rillegau, koart nei 1840, ferskynden twa misjonarissen út it Dútske Rynlân fan no, Carl Hugo Hahn en Heinrich Kleinschmidt, dy't dêr lesjoegen. De twa Dútsers waarden al gau opfolge troch de metoadisten Richard Haddy en Joseph Tindall. Windhoekmakke doe in koarte perioade fan fuorútgong mei, mar twa Afrikaanske stammen, de Nama en Herero, makken de delsetting fan de bûtenlanners mei de grûn lyk. Yn 1873 waard troch Hahn, dy't werom gie nei Windhoek, rapportearre dat der fan de fêstiging neat mear oer wie.
De koloniale tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat de Nederlanners de Kaapkoloanje oan de Britten ôfstean moasten, groeide it omtinken foar it gebiet. De Walfiskbaai, dy't troch de Nederlanners earder ferlitten wie, waard yn 1878 it earste part fan it Namybje fan no dat kolonisearre waard. De haven waard bestjoerd út de Britske Kaapkoloanje wei, it efterlân wie doe noch net opeaske oant de opgong meitsjende grutmacht Dútslân, dat ek graach koloanjes hawwe woe, it each derop falle liet. Yn 1884 rôp Dútslân it protektoraat Súdwest-Afrika út. Yn 1890 waard in legerienheid (Schutztruppe) ûnder befel fan majoar Curt von François nei Windhoek stjoerd. It Dútske garnizoen yn Windhoek makke har in buffer tusken de geregeldwei bestridende Nama en Herero.
It Windhoek fan hjoeddedei waard op 18 oktober 1890 stifte doe't Von François it fûnemint foar it fort Alte Feste lei. Oant begjin 20e iuw ferroan de ûntjouwing fan it plak mar stadich, mei allinne de heechnedige gebouwen foar it bestjoer fan de koloanje. Yn Klein Windhoek waard op beskieden skaal lânbou bedreaun mei fruit, tabak en molkfee.
Nei 1907 ûntjoech Windhoek him hurder. Ut binnen- en bûtenlân lutsen doe minsken nei de stêd, meast út Dútslân en Súd-Afrika (benammen Afrikaners). Dêr ûntstienen bedriuwen oan de Kaiser Strasse (no Independence Avenue) en tsjin de hichten om de stêd waard ek boud. Opfallend binne de trije pittoreske kastieltsjes dy't set waarden.
Ein fan Europeeske macht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de Earste Wrâldkriich kaam der in ein oan it Dútske koloniale tiidrek. Op fersyk fan it Feriene Keninkryk waard Windhoek yn maaie 1915 besetten troch it Súd-Afrikaanske leger en fiif jier lang waard de stêd troch militêren bestjoerd. Dy besetting joech in soad striderij yn Súd-Afrika omdat de rjochtse en konservative Boeren net fjochtsje woenen tsjin bruorrelân Dútslân. De Dútsers binne nammentlik nei de Nederlanners de grutste groep foarfaars fan de Nederlânsk sprekkende (pree-Afrikaanske) blanken. De Boeren fjochten leaver tsjin de Britten, de tradisjonele fijân fan de Slach om Muizenberg, de Slach om Blaauwberg en de twa Boere-oarloggen. Yn de jierren dêrnei stie de ûntjouwing fan Windhoek en Namybje yn it generaal stil. Fan 1928 ôf waard útein set mei it ferhurdzjen fan de diken yn de stêd. Earst nei de Twadde Wrâldkriich kaam de ûntjouwing fan Windhoek wer op gong en ferbettere it ekonomyske klimaat. Nei 1955 waard mei grutte publike projekten begûn, sa as it bouwen fan nije skoallen en sikehuzen.
Haadstêd ûnôfhinklik lân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de ûnôfhinklikens fan it lân wurde der yn Windhoek winkelsintra en nije oerheidsgebouwen set. Ta oantins fan de ûnôfhinklikheidsstriid is der justjes bûten Windhoek in grut monumint oprjochte: Heroes' Acre (Íkker fan de helden’). It monumunt is foar 60 miljoen Namibyske dollar (8 miljoen euro) ûntwurpen en boud troch it Noard-Koreaanske bedriuw Mansudae Overseas Projects. Itselde bedriuw boud yn Windhoek in nij ûnderkommen foar de presidint dêr’t de kosten foar op N$445 miljoen (60 miljoen euro) rûsd wurde.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Windhoek is in multy-etnyske stêd mei sa'n 450.000 ynwenners. De befolking groeit mei sa'n 4% it jier en bestiet foar 67% út swarten (ferskate Afrikaanske stammen), 17% is kleurling (mei ek in lytse groep Aziaten) en 16% binne blanken (neisieten fan Nederlânske kolonisten (Boeren), Dútsers en Britten).
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferskillende befolkingsgroepen sprekke mear as ien taal. Afrikaansk, ûntstien út it Nederlânsk, wurdt it meast sprutsen. Dêrneist kin hast elkenien him rêde yn it Ingelsk en in lytse goep blanken praat ek Dútsk. Fierders wurde ferskate Afrikaanske talen sprutsen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Windhoek is it ekonomysk sintrum fan Namybje. Der is in grutte fleisferwurkjende yndustry en in grutte brouwerij. Namibia Breweries brout ferskate soarten bieren, ûnder oaren Windhoek Lager. Dit bier wurdt makke neffens it Dútske Reinheitsgebot.
Berne yn Windhoek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Barbara Kahatjipara, ynternasjonaal bekend fotomodel
- Frankie Fredericks (2 oktober 1967), sprinter
- Tippi Degré (4 juny 1990), Frânske frou dy't har jeugd tusken de wylde bisten trochbrocht en dêrtroch ferneamd waard.
-
Troch Dútske kolonisten boude tsjerke en monumint.
-
Kristustsjerke, Windhoek