Springe nei ynhâld

Wim van den Heuvel

Ut Wikipedy
Wim van den Heuvel
akteur
Wim van den Heuvel en Yoka Berretty yn Literatuur fan Arthur Schnitzler (1961)
Wim van den Heuvel en Yoka Berretty yn Literatuur fan Arthur Schnitzler (1961)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWim van den Heuvel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne20 oktober 1928
berteplakAmsterdam
stoarn2 maart 2025
jierren aktyf1958-2013
offisjele webside
IMDb profyl
TMDB provyl

Wim van den Heuvel (Amsterdam, 20 oktober 1928 - 2 maart 2025) wie in Nederlânsk akteur.

Hy wie soan fan Lutgerdina Koster en amtner Jan van den Heuvel. Syn mem ferstoar yn 1930, wêrnei't heit fannijs troude mei Elisabeth Dieuwertje Zwart.

Nei de Toanielskoalle, dêr't Van den Heuvel yn 1952 eineksamen die, sleat er him oan by it toanielselskip Puck. Fiif jier letter spile er de boef Cesare Argento yn it telefyzjespul Cesare en hy waard bekend fan syn rol as plysje Douwe yn de film Fanfare, dy't fereale wie op Marije (Ineke Brinkman).

Van den Heuvel spile fierders ûnder oare by toanielselskip Ensemble, De Nederlânske Komedy, Toanielgroep Sintrum, de Haachske Komedy en It Nasjonale Toaniel.

Hy boaske yn 1955 mei aktrise Karin Haage en yn 1972 mei Guusje Westermann.
Wim van den Heuvel ferstoar op 2 maart 2025, yn 'e âldens fan 96 jier

  • Cesare - Cesare Aribaldo Argento (1958)
  • Fanfare - Douwe (1958)
  • De bloeiende perzik - Cham (1960)
  • Claudia en David - Tony Anton (1960)
  • De Huzaren - Pietro Lippi (1960)
  • Spooksonate - Studint (1961)
  • Kermis in de Regen - Hans van den Toorn (1962)
  • Marguerite Gautier - Gaston Rieux (1963)
  • Het Grote Begin - Simon Van (1963)
  • De man, de vrouw en de moord - Kiki (1963)
  • De Vlucht van de Duif - Tony Graham (1964)
  • Romeo & Julia - Mercutio (1964)
  • Ongewijde aarde (1967)
  • Koning Bolo - Kening Bolo (1977)
  • De schat - Mozes (1984)
  • Medisch Centrum West - Menear Klaassen (1990)
  • Meeuwen - Resjersjeur (1991)
  • Pleidooi - Plysjerjochter Kieboom (1993)
  • Een spoor van blauw zand (1994)
  • Alle kinderen de deur uit - Tobias van West (1994)
  • Coverstory - Karel van Tellingen (1995)
  • Flodder 3 - Lid komitee foar útsetting Flodders (1995)
  • Minoes - Menear Pastoar (2001)
  • Bergen Binnen - Ricardo van den Oever (2003-2004)