Wim Ruska

Ut Wikipedy
Wim Ruska
sporter
Wim Ruska yn 1972
Wim Ruska yn 1972
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Ruska
bynamme Tarzan van de tatami
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 29 augustus 1940
berteplak Amsterdam
stjerdatum 14 febrewaris 2015
stjerplak Hoarn
lingte 1.89 m
gewicht 94 kg
sportive ynformaasje
sport Judo
O.S. München 1972
debút 1960
karriêre-ein 1972
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen

Willem (Wim) Ruska (Amsterdam, 29 augustus 1940Hoarn, 14 febrewaris 2015) wie in Nederlânske judoka. Hy wurdt troch in soad minsken as de bêste judoka dy't Nederlân ea hân hat beskôge.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Judokampioenskippen 1972 yn de Vliegermolen yn Voorburg. Wim Ruska wint de heale finale foar alle kategoryen fan Kutznetzof (USSR) en de finale fan Onashvili (USSR)

Ruska wûn twa Olympyske titels, twa wrâldtitels (1967 en 1971), sân Europeeske titels en waard ferkate kearen Nederlânsk kampioen.

Ruska syn grutte prestaasjes by de Olympyske Simmerspullen 1972 yn München, dêr't er yn it swiergewicht en alle kategoryen it goud helle, hawwe him net sa'n protte bekendheid opsmiten. De spullen yn München binne altyd yn it skaad bleaun fan it omtinken foar de oanslach op de Israelyske ploech, dy't koart dêrfoar bard wie.

Yn 2001 krige Ruska in harsenynfarkt. Hy rekke dêrtroch foar in part ferlamme en syn spraakfermogen gie ek foar in grut part ferlern.

Yn 2013 waard Ruska troch de ynternasjonale judofederaasje (IJF) yn de Hall of Fame opnaam. Ruska stoar yn 2015 mei 74 jier.[1][2]

Ferneaming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maart 2017 waard op it Sportsintrum Papendal yn Arnhim in nije judohal iepene dy't nei Ruska neamd is.[3]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wim Koesen, Ruska: Triomf En Tragiek Van Een Judokampioen, Utjouwerij Thomas Rap, 2011, ISBN 9789400403314

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fideomateriaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: