Wim Romijn

Ut Wikipedy
Ko

Wim Romijn (Rotterdam, 1952), is in yllustrator en bisteskilder út Vriescheloo yn Grinslân. Makke namme as hynsteskilder. Fan jongs ôf oan bestudearre hy it gedrach fan boerehynders by it wurk op it lân en yn de boskbou. Wurke yn syn jeugd by in hoefsmid en wie aktyf by in ponyklup.

Spesjalisearre him op it skilderjen fan lânboubisten fan alear, hûnen en nei 2006 mear op wylde bisten as swellen, hoantsen foksen en reeën.
Fan syn wurk binne winsk- en krystkaarten, kalinders, posters, borduerpakketten, portfolio's en giclées makke. It âlde boerelibben komt nei foaren troch boerinnen mei reade bûsdoeken, hânmelkende boeren en oare nostalgyske bylden. Wurket as yllustrator foar útjouwerijen en sûnt 2010 foar it bûtenblêd "Landleven".

Begûn as meiwurker oan in akountantskantoar en ûntdekte syn ropping as skilder doe't er twa wurken fan Cornelis Jetses ûnder eagen krige. Syn styl liket wat op dy fan Rien Poortvliet, al wurket Romijn mear tekeneftich en stiet sadwaande tichter by dat fan Jetses.

Biblografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Boerenlanders, Vertelsels fan in boereenschilder (2011)
  • Landelijke Idylle (2004, fjouwerdielige rige oer de fjouwer seizoenen)
  • Van Ploegpaard tot Polopony (2003)
  • Paardenzot (1999)
  • Het Boerenpaard, de laatste omgang (1995)
  • Het Werkpaard, schetsen van het voorbije landleven (1990)

Tentoanstellings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • lânboumuseum Sint Anna Termuiden (Súd-Hollân)
  • Nederlands Trekpaardenmuseum Grijpskerke (Súd-Hollân)
  • Nasjonaal Rydtugenmuseum De Like
  • Feankoloniaal Museum Veendam (Grinslân)
  • Museum Oud-Soest (Utert)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: