Wim Braakman
Wim Braakman (Steggerda, 1956) is in Frysk skilder wenjend yn Grins. Dêr studearre hy oan de Ryksuniversiteit Grins Rjochtsgeleardheid en Teology. Fierders folge hy de oplieding Skoalle foar Keunsten en Hânfeardichheid.
It iere wurk fan Braakman eaget hiel bot symbolistysk. Letter waard de betsjutting ferhoalen yn lagen en minder goed te tsjutten. Yn de rin fan de jierren feroaren ek de formaten. De lêste jierren skilderet er op houten panielen yn de formaten 125 x 62,5 sm.
Ynfloeden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it wurk fan Braakman binne ferskillende ynfloeden werom te finen. Syn lânskippen binne krekt as de Dútske Romantisy grutsk en ferlitten. En de natuer by him is in iepenbiering fan in godlike werklikheid. Dêr is besibbens mei de skilderijen fan Caspar David Friedrich yn te werkennen. De bylden dy't er skilderet litte lânskippen sjen ûnder of nei it reinen, mar likegoed, en yn de tradysje fan de romantyk, spegels fan de siel.
Wat opfalt yn syn wurk is it brûken fan de kleur swart. De tins dy't dêr efter leit is dat fan it transendinte gjin byld te meitsjen is, útsein in net-byld. Hjirmei stiet er yn de tradysje fan de negative teology dy't fan wichtige ynfloed west hat op de boukunde yn de midsiuwen en de rop om byldleazens yn tsjerken en moskeeën ta te rieden. Fertolkers dêrfan yn it Westen binne Master Eckhart en Juan de la Cruz.
Yn de 20e iuw hawwe keunstners as Arnulf Rainer, Mark Rothko en Ad Reinhardt dat net-ôfbyldzjen ûntdutsen. Sy skilderje bygelyks har wurk mei swarte ferve oer. De skilderijen fan Braakman slute oan by dat net-ôfbyldzjen.
Gaos is it prinsipe fan de lettere skilderijen, in gaos dy't dochs laat nei oarder en betsjutting. Dat wurk is ynspirearre troch de teoryen fan de Nobelpriis-winner Ilya Prigogine.