Springe nei ynhâld

William Singer

Ut Wikipedy
William Henry Singer jr. (1913)
Anna en William Singer, fan Richard Edward Miller.

William Henry Singer (Pittsburgh, Pennsylvania, 5 july 1868Olden, Noarwegen, 29 desimber 1943) wie in Amerikaansk keunstsamler en keunstskilder.

Singer wie in soan fan in stielmagnaat út Pittsburgh.

Hy en syn oare helte Anna Spencer Brugh (1878-1962) ferhuzen fan Maine (dêr't er kustgesichten mei skippen skildere) nei Parys mei syn freon, de Amerikaanske byldhouwer-skilder Martin Borgord. Yn Parys fernaam fan it Nederlânske skildersdoarp Laren en yn 1901 gie er dêr hinne. Yn de omkriten fan Laren skildere er in stikmannich Goaiske lânskippen, mar nei in skoft ferlear er syn ynspiraasje. Yn 1904 ferfear er mei Borgord nei Noarwegen om dêr te skilderjen.

Singer hie in sterke persoanlike bân mei Laren en de Larenske keunstners, mar hat altyd syn Amerikaanske nasjonaliteit holden.

It pear liet yn 1911 filla De Wilde Zwanen sette, no part fan it Singer museum en teäter.

  • Helen Schretlen: Loving Art. De William & Anna Singer Collectie. Waanders Swol / Singer Laren, 2007. ISBN 90-400-8180-8

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: