William Robert Fisher
Appearance
William Robert Fisher (1916 – Wurdum, 21 jannewaris 1943)[1] wie twadde piloat fan in yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers oansketten Britske Wellingtonbommewerper. Hy makke mei gesachfierder George Emerson in needlanning by Wurdum. It slagge him mei muoite it tastel oer de huzen hinne te krijen, wêrtroch't it doarp foar in ramp bewarre bleaun is. Fisher stoar as iennichste fan de seiskoppige bemanning by de hurde lanning en is yn Wurdum te hôf brocht. De oare mannen dy't min of mear ferwûne wiene, hawwe oant de ein fan de oarloch yn Dútske kriichsfinzenskip trochbrocht.
Yn Wurdum binne nei him en George Emerson strjitten ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |