Springe nei ynhâld

William Edward Boeing

Ut Wikipedy
William E. Boeing

William Edward Boeing (Detroit (Michigan), 1 oktober 1881 - Puget Sound (Washington), 28 septimber 1956) wie in Amerikaansk loftfeartpionier en de oprjochter fan it fleanmasinefabryk Boeing.

Boeing wie fan Dútsk komôf. Syn âldelju, mynbou-yngenieur Wilhelm Böing en Marie Ortmann, wiene 1868 út it Sauerlân wei nei de Feriene Steaten ferfearn. Dêr waard syn heit ryk yn de houthannel.

William Boeing studearre oan de Yale-universiteit. Yn 1916 rjochte er yn Seattle de Pacific Aero Products Company op; it bedriuw syn earste fleanmasine wie de Boeing Model 1. In jier letter waard dat bedriuw omneamd yn Boeing Aeroplane Company, dat him nei de Earste Wrâldkriich fral talei op de kommersjele loftfeart, mar dat yn 1934 spjalte wurde moast meidat it as monopolist beskôge waard. Doe luts Boeing him 1937 tebek út de loftfeartwrâld en bestege er syn measte tiid oan syn hynders. Boeing Airplane Company, dochs wol in frijwat grutte produsint yn in fragmintearre yndustry, krige de wyn earst goed mei oan it bejin fan de Twadde Wrâldkriich.

  • Carl Cleveland, Boeing Trivia, (Seattle: CMC Books, 1989)
  • Harold Mansfield, Vision: A Saga of the Sky (Duell, Sloan and Pearce, 1956)
  • Robert Serling, Legend & Legacy: The Story of Boeing and Its People (New York: St. Martin's Press, 1992)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]