Springe nei ynhâld

Boeing Model 1

Ut Wikipedy
Boeing Model 1
B & W Seaplane

[1]

Rol Postfleanmasine, trener
Makker Boeing
Untwerper William Edward Boeing
George Conrad Westervelt
Earste flecht 15 juny 1916
Yn tsjinst 1916
Ut tsjinst
Tal makke 2 (1916)
Brûkers Fleanskoalle fan Nij-Seelân
Farianten gjin

De Boeing Model 1 of B & W Seaplane wie in Amerikaansk wetterfleantúch mei ien motor. It wie it earste produkt fan Boeing en krige de inisjalen fan syn ûntwerpers, William Boeing en George Conrad Westervelt yn de namme.

De earste B & W wie klear yn juny 1916 en waard boud yn Boeings boathûs-hangaar op Lake Union yn Seattle, Washington. It tastel wie fan hout, beklaaid mei linnen en hie lûktriedden. Hy like in protte op it Martin-trainingsfleantúch dat Boeing besiet, mar de B & W hie bettere driuwers en in sterkere motor. De earste B & W krige de namme Bluebill en de twadde Mallard. Sy fleagen foar it earst op 15 juny 1916 en letter yn novimber nochris.

De twa B & Ws waarden foarlein oan de United States Navy. Nei't de Marine se net hawwe woe, waarden se ferkocht oan de New Zealand Flying School en waarden sadwaande de earste ynternasjonale ferkeap fan it bedriuw. Op 25 juny 1919 festige de B&W in Nij-Seelânsk hichterekord fan goed 1.980 meter. De B & Ws makken de earste offisjele loftpostflecht fan Nij-Seelân op 16 desimber 1919.

Flagge fan Nij-Seelân NZL


Technyske gegevens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Spesifikaasjes
MotorHall-Scott-A-5-6-sylinder-linemotor
Fermogen93 kW
Langte8,38 m
Spanwiidte15,86 m
Fleugeloerflak53,9 m²
Gewicht leech953 kg
startgewicht1270 kg
Heechste faasje121 km/o
Krúsfaasje108 km/o
Klimfaasje3,56 m/s
Maks. fleanhichte1.981 m
Fleanberik518 km
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Replika fan de Boeing B&W Seaplane yn it Museum of Flight, Seattle.