Willem van Kooten
Willem van Kooten | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Willem van Kooten (1968) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Willem Jan van Kooten | |
skûlnamme | Joost den Draaijer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 7 jannewaris 1941 | |
berteplak | Hilfertsom | |
stoarn | 3 jannewaris 2025 | |
wurkpaad | ||
wurksum as | radio-discjockey, ûndernimmer | |
medium | Radio | |
wurksum by | Radio Veronica, NCRV, VPRO, AVRO, NOS, Radio Noordzee, Radio Monique | |
bekend fan | Top 40, Mega Top 30 | |
prizen | Marconi Award (2018) |
Willem Jan van Kooten ek bekend as Joost den Draaijer (Hilfertsom, 7 jannewaris 1941 - 3 jannewaris 2025) wie in Nederlânsk radio-discjockey en ûndernimmer. Yn 1965 wie hy de betinker en earste presintator fan de Top 40.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin jierren 60 ferhuze er nei Amsterdam foar in stúdzje Nederlânsk oan de Frije Universiteit. Yn dy perioade moete hy op in feestje de dochter fan ien fan de oprjochters fan seestjoerder Radio Veronica. Omdat er as studint wol in sintsje byfertsjinje woe, frege er oft se noch minsken nedich hiene en in dei letter koe er al oan de slach as tekstskriuwer foar de kommersjals fan it stasjon, yn de fakânsjes foel er yn as diskockey. Al reedlik gau krige hy syn eigen programma "Joost mag het weten". Om't er leaver net woe dat de leden fan it studintekorps wisten fan syn bybaantsje naam er op de radio de skûlnamme Joost den Draaijer oan. Al gau makke er namme troch syn flotte, studintikoze sprekstyl fol wurdboarterij, yn in perioade wêryn't Nederlânske radiopresintatoaren noch in ôfmetten omropersstim mei net folle ekspresje hiene.
Nei syn militêre tsjinstplicht hold er op mei syn stúdzje Nederlânsk om folslein yn tsjinst te kommen by Radio Veronica as programmadirekteur. Yn dy funksje reizge hy nei de Feriene Steaten om dêr te hearren en te sjen hoe't kommersjele radio makke waard, ideeën oer hitlisten en tipparades naam er oer, en op 2 jannewaris 1965 waard de Veronica Top 40 berne.
Joost den Draaijer gie ein 1968 fuort by Radio Veronica fanwege in ferskil fan miening, dat mei te krijen hie mei syn saaklike belangen. Dat jier presintearre er it AVRO tv-programma "Moef Ga Ga". By de VPRO krige er dien dat er yn de maitiid fan 1969 in pilot fan de Hilfertsom 3 Top 30 presintearje mocht "om Hilfertsom wekker te meitsjen foar de wrâld om harren hinne"; it sinjaal waard oppikt want de list bleau. Hy wurke yn 1971 lyktidich by de NOS op Hilfertsom 3 en by Radio Noordzee, dêr't er platen fan syn nije label Pink Elephant promoattte. Oant april 1971 presintearre er op dizze stjoerders twa konkurrearjende hitparades. Hy moast kieze foar Radio Noordzee en dêr presintearre er oant yn'e maitiid fan 1972.
Yn 1974 makke hy syn opwachting by de NOS op Hilfertsom 3, om it programma Joost mag niet eten op wurkdagen tusken 18 en 19 oere te presintearjen. Letter krige it programma de namme NOS Maal. Op 29 maaie 1978 waard it programma, nei in konflikt mei de NOS oer belangeferfrisseling, troch Frits Spits oernommen en feroare de namme yn De Avondspits. Fan 18 maaie 1985 ôf wie Van Kooten as Joost den Draaijer in skoft as presintator te beharkjen fia de seestjoerder Radio Monique.
Yn de jierren tachtich en njoggentich lei Van Kooten har hieltyd mear ta op de hannel yn ûnreplik guod, wêrûnder huzen en golfbanen. Benammen yn Portegal wie er aktyf. As sakeman fergarre Van Kooten in fortún dat troch sakeblêd Quote op 200 miljoen euro rûsd wurdt. De lêste jierren wie Van Kooten ûnder mear grutoandielhâlder fan Arrow Classic Rock, Arrow Jazz FM. Yn 2006 waard er beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Op 17 desimber 2018 krige Van Kooten fan syn pakesizzer yn it telefyzjeprogramma Tijd voor Max by Omrop Max de Marconi Oeuvre Award. Willem van Kooten ferstoar op 3 jannewaris, yn 'e âldens fan 83 jier.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- As programmadirekteur by Veronica en Radio Noordzee yntrodusearre Van Kooten in soad fernijende ideeën, lykas de horizontale programmearring yn programmablokken fan twa oeren:
- alle dagen deselde diskjockey op itselde oere;
- de weromkommende muzykprogramma's mei itselde muzykstyl ek op deselde oere fan de dei.
- Van Kooten makke tegearre mei Peter Koelewijn en Polydor-baas Freddy Haayen ûnder de namme "De Praatpalen" it ferske Ome Sjakie (Het Hele Zakie Loopt In Z'n Nakie). Kollega-Veronica-dj Jan van Veen fûn de tekst skunnich en draaide de plaat net, dêryn stipe troch de direksje.
- Yn 2007 wurdt in strjitnamme yn Hilfertsom nei him ferneamd, passend by syn skûlnamme wurdt dit de "Joost den Draaijerrotonde".
- Willem van Kooten is de betinker fan de term Palingsound foar in streaming yn de Nederlânske popmuzyk.
- Njonken de Nederlânske Top 40 en de Mega Top 30, stie van Kooten ek oan de widze fan de Radio Noordzee Top 50.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|