Willem Paap

Ut Wikipedy
Willem Paap (foto om 1890 hinne)

Mr. Willem Anthony Paap (Winschoten, 21 oktober 1856Zeist, 7 jannewaris 1923) wie in Nederlânsk advokaat en skriuwer. Hy is foaral bekend wurden as ien fan de oprjochters fan it literêre tydskrift De Nieuwe Gids yn 1885. Syn ferneamste roman, de kaairoman Vincent Haman, ferskynde yn 1898.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willem Paap wie fan ienfâldich komôf. Heit stoar jong. Dêrom wie der earst gjin jild foar stúdzje, mar waard er wol ûnderwizer. Stipe fan syn freon Johannes Zürcher koe er letter dochs studearje, yn Amsterdam. Yn it earstoan wie er fan doel om it fak Letteren te kiezen, mar mei ûnder ynfloed fan syn freon en learmaster Eduard Douwes Dekker (Multatuli), mei wa't er brieven skreau, liet er dat plan farre: "Alzoo voortaan: jur. stud.! Ik ben zeer blij, dat ge het besluit genomen hebt niet 'de letteren' als vak te kiezen. Het is geen vak! Om de letterkunde iets degelijks te leveren moet men er niet in doen".[1]

Paap spile ek in rol by de oprjochting fan De Nieuwe Gids, it tydskrift fan de Tachtigers, in groep skriuwers en dichters dy't de literatuer fernije woe. Nei in jier gie er út de redaksje. Lykwols waard er sels net as Tachtiger beskôge. Hans van Straten neamt him sels in "Anti-Tachtiger".[2]

Yn 1887 studearre er ôf en waard er advokaat yn Amsterdam. Hy hie yn dy tiid sterke sosjalistyske sympatyen en ferdige sosjalisten dy't ferfolge waarden. Nei it ferstjerren fan Douwes Dekkers kaam dy syn widdo Mimi Hamminck Schepel by Paap yn 'e hûs te wenjen. Hy holp har mei it útjaan fan de Brieven (10 dielen) fan Multatuli.

Paap wenne in stikmannich jierren yn Berlyn, gie werom nei Amsterdam en hâlde syn lêste jierren fanwege syn sûnens ta yn Zeist.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Boeken fan W. A. Paap:
    • Bombono's, een satire. Amsterdam: Wilms, 1884
    • Artikel 1650 Burgerlijk Wetboek. Proefskrift Universiteit fan Amsterdam. Amsterdam: J. Clausen, 1887.
    • Rekest aan de Tweede Kamer der Staten-Generaal (mei-auteur: E. H. Willems). Amsterdam, 1889
    • Het consent bij vrijwillige overdracht, in het recht van de huurcerter (memory fan pleidoai oer Groningen, appellante, kontra Lubberman, yntimearde / útsprutsen foar it Hôf te Ljouwert, 10 sept. 1890.
    • Jeanne Colette. Amsterdam: Versluys, 1896
    • Vincent Haman. Amsterdam: Versluys, 1898
    • Het dogma der drankwet. Amsterdam, 1900 (ek ferskynd as rekest oan de Twadde Keamer)
    • Koningsrecht (Drama in vijf bedrijven). Amsterdam: Versluys, 1901 (ek yn it Dútsk)
    • De doodsklok van het Damrak: roman uit het jaar 1907. Amsterdam: Vivat, 1908
    • Max Dannenberg. Amsterdam: Vivat, 1908 (yn 1906 ek yn it Dútsk ferskynd)
    • Een gracht-idylle: Amsterdamse comedie in drie bedrijven. Amsterdam: Vivat, 1908
    • De kapelaan van Liestermonde: roman uit het priesterleven. Amsterdam: Veldt, 1910 (1910 ek yn it Dútsk ferskynd)
  • Tydskrift-artikelen:
    • 'De studie van het Romeinse Recht'. Yn: De Nieuwe Gids jiergong 1 (1885-1886) yn twa ôflevrings.

Oer W. A. Paap[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Menno ter BraakInleiding bij Vincent Haman (3e printing). Amsterdam: Querido, 1936. sdn. 7 - 21
  • Barend de GoedeWillem Paap: het paard van Troje. Utert: Bruna, 1946
  • Willem Kloos – resinsje fan Vincent Haman yn DNG Nieuwe Reeks 4e jrg. 1899
  • dr. J. Meijer - Willem Anthony Paap, Zeventiger onder de Tachtigers. 1959

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Douwes Dekker in een brief van 25 maart 1882 aan Paap (geciteerd bij Menno ter Braak: Inleiding bij W. A. Paap – Vincent Haman (6e druk, Amsterdam : Querido, 1974, s. 9))
  2. van Straten, Hans - Toen bliezen de poortwachters; proza en poëzie van 1880 tot 1920. Salamander 304, Amsterdam; Querido, 1972, s. 56