Willem Glashouwer sr.
Willem Glashouwer sr. (Hylpen, 22 maaie 1913 – Utrecht, 27 febrewaris 1983) wie in Nederlânsk predikant en foarsitter fan de Evangelyske Omrop.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Glashouwer studearre teology oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy stie as predikant yn Muiderberg, Nijverdal, Vlaardingen, Amsterdam en Driebergen. Hy fielde him oanlutsen troch de Maranatha-beweging, dêr't Johannes de Heer ien fan de foaroanmannen fan wie. Hy wie ek ien fan de oprjochters fan it karismatyske blêd Vuur.
Yn 1960 sette Glashouwer ûnder de namme Gemeente Reveil in netwurk fan stúdzjerûnten op, dêr't yn praat waard oer de bibel en de persoanlike leauwensbelibbing. Doel: "It giet ús om de opbou fan 'e gemeente fan Kristus... op ferburgen wize oeral oanwêzich, dêr't Jezus Kristus wurket troch Syn Wurd en Geast". "Gemeente" waard faak oantsjut mei: De Gemeente uit alle kerken en kringen. Neist stúdzjegearkomsten ferskynden der temapublikaasjes oer: De Gemeente in het licht van de Openbaring van Jezus Christus aan Johannes, Israël, Genesis 1, Geestesgaven, Wedergeboorte, Occultisme.
Nei de oarloch krige de evangelyske beweging grutte ynteresse foar de audiofisuele media. De oprjochting fan de NCRV as earste eigen omrop wie de oanset foar it ta stân kommen fan in ferpyldere omropbestel.
Yn 1966 hold ds. Glashouwer yn de Alle-Dag-Kerk yn Amsterdam in preek dêr 't er yn warskôge foar de "schijn-eenheidstskerk", sa't dat stal begûn te krijen yn de Wrâldried fan Tsjerken. Dizze tsjinst waard útstjoerd troch de NCRV. Doe 't er letter dat jier troch minsken út evangelyske fermiddens benadere waard foar it oprjochtsjen fan in eigen omrop, sei er dat men útstjoeringen fia de NCRV besykje moast te realisearjen. Dat slagge net, de opfettings ferskilden te folle. Willem Glashouwer wie in man foar wa t de pastorale soarch hiel wichtich wie, in brêgebouwer, mar net ien dy't ree wie kompromissen te sluten mei minsken dy't it mei it leauwen net sa nau namen.
Yn 1970 waard er frege as vice-foarsitter fan de Evangelyske Omrop, yn 1971 earste foarsitter en oant syn dea soe er it gesicht fan de nije omrop bliuwe troch û.o. Bibelstúdzjes (De Bijbel Open), deislutingen op telefyzje (tenslotte) en as sprekker op lândagen.
Yn 1985 ferskynde de tekst fan de radiolêzingen oer it Bibelboek: Iepenbiering fan Jezus Kristus, ûnder de titel: De komst van Jezus Christus Dy tekst waard mei eigen researchmateriaal byinoar brocht troch Huib Verweij.
Yn 1988 ferskynde Het geheim van het Woord - kernwoorden uit het Johannes-evangeelje, in boek mei de tekst fan de Bibelstúdzjes út de radioútstjoerings.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|