Springe nei ynhâld

G. Willem Abma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Willem Abma)
G. Willem Abma
skriuwer
G. Willem Abma Fotograaf: Harry de Wilde
G. Willem Abma
Fotograaf: Harry de Wilde
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerben Willem Abma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 july 1942
berteplak Folsgeare
stoarn 23 july 2024
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Romans,
Gedichten
prizen Gysbert Japicxpriis 1973
jierren aktyf 1970-2024

G. Willem Abma (folút: Gerben Willem Abma; Folsgeare, 12 july 1942 - Ljouwert, 23 july 2024) [1] wie in Frysktalich skriuwer en dichter.

G. Willem Abma waard berne yn 1942 yn in grutte ortodokske húshâlding. Syn broer Gerben Abma (1932-2016) wie ek skriuwer. Hy studearre earst rjochten yn Utert en dêrnei teology oan de Ryksuniversiteit Grins. Nei't er ferskate baantjes hân hie, die er yn 1974 syn doktoraal eksamen yn de teology. Dernei wurke er as dosint godstsjinst yn it fuortset ûnderwiis. Sûnt 1987 wurke er as psychoterapeut yn Drachten. Hy bout dy praktyk foar gespreksterapy op njonken syn skriuwerskip, dêr't er in jiermannich in beurs foar krige fan it Fonds voor de Letteren. Hy hat, as skriuwer en dichter, in grut oeuvre byinoar skreaun. Yn it begjin skreau hie ûnder it pseudonym Daniël Daen. Foar de earste trije dichtbondels dy't er ûnder dat pseudonym skreaun hie, krige er yn 1973 de Gysbert Japicxpriis. Yn it iere dichtwurk wurdearre de advyskommisje doedestiids it algemien minsklike, dat fierder rikt as it momint. Hoewol't it wurk fan Abma, lykas as by de measte dichters, tige persoanlik is, behannelet hy grutte tema's lykas libben en dea, leafde, it minsklik tekoart, it leauwe en de maatskippij. Syn eardere wurk kenmerket him troch in minging fan religy en seksualiteit dy't sa no en dan oan it wurk fan Jan Wolkers tinken docht. De fersen hawwe wat wiisgearichs mei har bylden en ferwizingen nei de Bibel en nei de myten en de filosofy fan de âldheid. Al dichtsjend hat de dichter besocht klearrichheid te krijen oer syn identiteit, syn ferhâlding ta de meiminske en syn plak op ierde. Dêrnei kaam der mear romte foar oaren en toande er yn syn literêr wurk mear engaazjemint. De toan yn de lettere gedichten is mylder, de fersen binne begrypliker, minder typysk Daniël Daensk, wurden. Abma hat redakteur west fan Alternatyf, Operaesje Fers en Trotwaer.

Nei oanlieding fan Abma's santichste jierdei yn 2012 ferskynde der in tsjokke blomlêzing út it dichtwurk fan Abma: Troch eigen lânskip. De ynlieding is fan Philippus Breuker, it boek ferskynde by Utjouwerij Wijdemeer fan Ljouwert. Yn novimber fan dat jier kaam der al in twadde printinge.

Abma stoar thús yn Ljouwert yn de âldens fan 82 jier.

  • In satansbern (= Een satanskind) (1981)
  • De klinyk (1982)
  • De oantaasting (= De aanranding) (earste diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) (1983)
  • De roekkat (twadde diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) (1986)
  • It Byldsje mei brieven oan Priscilla (tredde diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) (1988)
  • It Orakel (fjirde en lêste diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) (1990)
  • Freonen ûnder elkoar (1993)
  • De mafiaman (1994, cop. 1995)
  • In Ierse nimf (2003)
  • In nacht yn de Andes (1993)
  • De âlde en de leave hear as lead om âld izer (1970)
  • Op libben en dea (1970)
  • Mosken en goaden (1972)
  • Prosit (1973)
  • Bûten it skûlliif (1973)
  • De iken fan Dodona (1976)
  • Fitraezjewrâld (1976)
  • Rânnen fan forjitnis (1977)
  • Hjerstreach (1979)
  • En it barde (1980)
  • Nachtfeest (1982)
  • De sprong (1985)
  • Dieden (1986)
  • Bist noait wa'st wieste (1987)
  • Dea fan de moskefrou (1987)
  • Moeting (1994 [i.e. 1993])
  • Te fûnling (1999)
  • Kuiers of definysjes fan in ik (2000)
  • Inerlik ferskinen (2010)
  • Troch eigen lânskip (blomlêzing) (2012)
  • Onbedoeld, de dichter als pastor (twatalige mini-blomlêzing) (2013)
  • Oade oan de ko (2013)
  • ''Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben (2018)
  • Cranky Box (oerset nei Judith Herzberg) (1993)
  • Trije ienakters en in monolooch: Hazzefleis (ienakter), Unmeilydsum is de skientme of: 06-relaasje (ienakter), In heit, in soan en in dochter (ienakter), It syndroom fan down of in milkshake foar God (monolooch) (1993)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: