Wildernis
Wildernis | ||
Bestjoer | ||
Lân | Súd-Afrika | |
Provinsje | West-Kaap | |
Distrikt | Garden Route | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.164 (2011) | |
Oerflak | 36,97 km² | |
Befolkingsticht. | 167 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 33° 59' N 22° 35' E | |
Kaart | ||
Wildernis (Ingelsk: Wilderness) is in plak yn it distrikt Garden Route yn Súd-Afrika. It plak makket diel út fan 'e gemeente George. Wildernis leit likernôch 450 km eastlik fan Kaapstêd en 315 km west fan Port Elizabeth.
Wildernis is bekend fanwegen de acht km lange wite sânstrannen. West fan Wildernis streamt de Kaaimansrivier. De Touwsrivier streamt troch Wildernis en foarmet tusken de dunen in langune.
Wildernis hat in tuskenbeide klimaat mei temperatueren tusken 10° en 28° Selsius.
De eardere president fan Súd-Afrika, Pieter Willem Botha, wenne dêr yn syn hûs "Die Anker" oant syn ferstjerren yn 2006.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It National Wilderness Park mei in oerflak fan 2.612 hektare leit eastlik fan it plak en foarmet in 28 km lang gea oan 'e kuststripe. Dêr libje 230 ferskillende soarten bisten, wêrûnder 79 fan 'e 95 soarten wetterfûgels yn Súd-Afrika.
De berchrivieren en it seewetter fan 'e Yndyske Oséaan binne in geskikt leefgebiet foar wetterbisten, lykas dolfinen.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Etnisiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De etnyske gearstalling fan Wildernis wie yn 2011:
- Kleurlingen 47,2%
- Blanken: 38,5%
- Swarten 12%
- Aziaten: 0,6%
- Oars: 1,8%
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taalsitewaasje wie yn 2011:
- Afrikaansk 68,5%
- Ingelsk 23,7%
- Ksosa 4,9%
Subplakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nasjonaal Ynstitút foar de Statistyk, Stats SA, ferdielt Wilders sûnt de sensus 2011 yn fjouwer ferskillende subplakken:
- Hoekwil
- Kleinkrantz
- Wilderness Heights
- Wilderness SP
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|