Springe nei ynhâld

Port Elizabeth

Ut Wikipedy
Port Elizabeth
Gqeberha
It stedshûs en marktplaats fan Port Elizabeth
It stedshûs en marktplaats fan Port Elizabeth
Bestjoer
Lân Súd-Afrika
Provinsje Eastkaap
Gemeente Nelson Mandelabaai
Boargemaster Athol Trollip
Sifers
Ynwennertal 312.392 (2011)
Oerflak 251,03 km²
Befolkingsticht. 1244/km²
Stêdekloft 1.152.915 (2011)
Hichte 0 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 1814
Postkoade 6000
6001
Tiidsône UTC+2
Koördinaten 33° 57' SB, 25° 36' EL
Lokaasje yn Eastkaap

Port Elizabeth, gauris ôfkoarte ta P.E. en sûnt 23 febrewaris 2021 offisjeel Gqeberha (útspr. [ᶢǃʱɛ̀ɓéːxà], sterk ferienfâldige: "g'heb-ee-cha") is in stêd yn Súd-Afrika. Yn it Afrikaansk neamt men Port Elizabeth Die Baai, yn it Ingelsk sprekt men ek wol fan The Bay, yn it Sûlû is de namme Bhayi en yn it Kosa Gqeberha of ek wol iBhayi. It is de grutste stêd fan de provinsje Eastkaap en de tredde neffens grutte havenstêd fan it lân.

Port Elizabeth waard stichte yn 1820 troch Rufane Donkin en der kamen 4000 Ingelsken te wenjen. Hy neamde de stêd letter nei syn frou Elizabeth (net nei Elizabeth I, wat in soad minsken tinke). Yn de Twadde Boere-oarloch waard yn 'e stêd in konsintraasjekamp foar Boeren (Afrikaners) boud, dat hjoed-de-dei noch te besjen is. De stêd hat ek in fleanfjild. Dat fleanfjild is allinne foar ynlânske flechten bedoeld. Men is al in jiermannich dwaande mei it ynternasjonalisearjen fan de lofthaven en der wurdt ferwachte dat dit dan yn in pear jier it fjirde ynternasjonale fleanfjild wêze sil, nei Kaapstêd, Johannesburg en Durban.

Yn 2010 wie Port Elizabeth ien fan de stêden dêr't it WK fuotbal spile waard.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Port Elizabeth – foto, fideo en harktriemmen